It Hearrenfean lit FC Oss klappertoskje
woansdei 21 desimber 2011IT HEARRENFEAN – FC Oss hat tsjin Sportklub It Hearrenfean in swiere tik op ‘e noas krigen. De balskoppers fan It Fean skopten de bal alve kear yn it doel fan Oss, de iennichste tsjintreffer kaam fan Christopher Bieber. Troch de winst tsjin FC Oss hat It Hearrenfean de kwartfinale fan de KNFB-beker helle.
Brekpunt foar FC Oss wie in reade kaart foar Dennis Janssen, doe’t it noch 1-0 foar It Fean stie. Dêrtroch koe Bas Dost fan in strafskop de 2-0 meitsje. Yn it seizoen 1994/95 wûn It Fean ek al mei 11-1 yn ‘e beker. Doe spilen de Feansters tsjin de amateurs fan HZVV út Hoogeveen.
Ek sjen:
- It Fean wint yn Utert UTERT – Sportklub It Hearrenfean hat sneon de útwedstryd tsjin...
- Marco van Basten nije trener Hearrenfean IT HEARRENFEAN – Marco van Basten wurdt mei yngong fan...
- Hearrenfean ferliest Ofrûne sneon ferlear It Hearrenfean thús tsjin FC Twinte mei...
- Hearrenfean wint stoef It Hearrenfean hat stoef wûn fan AZ. De koprinner AZ...
- Hearrenfean fierder yn Europa It Hearrenfean hat justerjûn 0-0 lykspile tsjin PAOK Saloniki; dêrtroch...








