Klunderloa: online Grinslânsk leare

tiisdei 20 desimber 2011

Twee lutje muskes zwonden mor wat om. Dan warren ze hier n schofke om e deur en dan weer op n hiel aner stee. As der mor wat veur heur te vreten was. Toen ze es n keer over t dörp vlogen, zaggen ze n mooie doevetil op t schoelplein stoan. Hielemoal van neis vaarfd: rooie ziekanten met n gruun dakje. n Allerliefst mooi huuske veur heur beident. Ze gingen op de dakgeut van de schoel zitten. Nou warren ze der vlak bij en konden alles van hiel dichtbij bekieken. Al wel n haalf uur hadden ze der zeten. Ien die tied ging der gien een doef ien en der kwam ok gien een uut.

GRINS – Kinne jo it njonkensteande fragmint folgje? It komt út Krekt of was ‘t ‘n sprookje (link), fan it webstee Klunderloa. Op dat webstee kinne bern aansen Grinslânsk leare. Doel is dat it webstee yn febrewaris klear foar gebrûk is, mar der stiet no al in hiele bulte ynformaasje op.

Klunderloa (rommellaad) is in online-kursus Grunnegs veur grondschoulen en biedt op fjouwer nivo’s (groep 1-2, groep 3-4, groep 5-6 en groep 7-8) in moai soad learmateriaal oan, yn de skiften ‘ferhalen’, ‘ferskes’ en ‘gedichten’. Learlingen kinne der teksten fine oer in ferskaat oan ûnderwerpen. Guon teksten kinne se ek foarlêze litte. It materiaal fan it webstee is selsstannich te brûken, mar it kin ek kombinearre wurde mei de boeken fan de Grinslanner metoade Toverbalen. It materiaal is ek gaadlik foar selsstúdzje.

Klunderloa wurdt mei stipe fan de provinsje Grinslân ûntwikkele troch de Stichting Grunneger Toal en it Huis van de Groninger Cultuur.

Klik hjir om de foarriedige ferzje fan Klunderloa te besjen.

Ek sjen:

  1. EduNordFriisk: online Noard-Frysk leare BRÄIST – Yn it noarden fan Dútslân leit Noard-Fryslân. Dêr...
  2. Dei fan it Grinslânsk Klik hjir foar mear ynformaasje....
  3. Kursussen Grinslânsk GRINS – Friezen om utens dy’t graach wat mear witte...
  4. Binnen en bûten op syn Drintsk BEILEN – It Frysk hat it wurd bûten. Dat bestiet...
  5. Bernebibel yn it Grinslânsk GRINS – Fan ‘t hjerstmis ferskynt de Kinderbiebel, in bernebibel yn...

3 reaksjes op “Klunderloa: online Grinslânsk leare”


  1. Cees
    20 desimber 2011 20:14

    Ik moat earlik bekenne: ik fyn it dreger om te lêzen as ik tocht hie. Fan de earste sin bin ik net wis. Wat is ‘zwonden mor wat om’?


  2. mbc84
    21 desimber 2011 10:24

    zwonden mor wat om: dangelen mar wat om? Út ‘e kontekst opmeitsjend soe it allinnich mar dat wêze kinne, net?


  3. Cees
    21 desimber 2011 10:56

    Soe kinne, mar it kin ek wat wêze mei fleanen, om’t it moskjes binne.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic