Ljouwerter sikehûs docht hertklepûndersyk
snein 18 desimber 2011LJOUWERT – Sikehûs MCL yn Ljouwert docht mei oan in wrâldwiid ûndersyk nei hertkleppen. Undersocht wurdt oft pasjinten dy’t in heger risiko rinne by in operaasje in nije hertklep krije kinne troch in yngreep mei in knoopsgatoperaasje. Dat betsjut dat dokters troch in ier yn de ljisk in nije hertklep pleatse. Dat is no standert by minsken dy’t gjin grut gefaar rinne by sa’n yngreep. No wurdt dy groep pasjinten mei heger risiko operearre troch de boarstkas. Foar de pasjint is dat folle swierder en it duorret langer ear’t er him fan de operaasje ferhelle hat.
It ûndersyk wurdt ek yn oare sikehûzen útfierd en rint in tal jierren.
(Boarne: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Parkinsonsintrum yn Ljouwerter sikehûs LJOUWERT – Mei in nij Parkinsonsintrum yn it MCL yn...
- Hertpasjinten binne MCL nedich LJOUWERT – Fryske hertpasjinten ha in grutter risiko om te...
- Hertoperaasjes Ljouwert bliuwe moolk LJOUWERT - Sikehûs MCL yn Ljouwert mei trochgean mei hertklepoperaasjes fia...
- Hertoperaasjes bliuwe yn Ljouwert LJOUWERT – It koart pleit fan sikehûs MCL yn Ljouwert...
- Miljoenepriis yn Ljouwerter kasino LJOUWERT – Yn it Holland Casino yn Ljouwert is foar...








