Marit Bouwmeester sylwrâldkampioen

snein 11 desimber 2011

PERTH – Marit Bouwmeester is wrâldkampioen silen yn de Laser radial. Yn it Australyske Perth einige de sylster út Warten yn in spannende medaljerace as fjirde. Dat wie genôch om har grutte konkurrint Evi van Acker yn de einstân foar te bliuwen. De Belgyske Van Acker waard tredde yn de finale tusken de bêste tsien fan it klassemint. De medaljerace waard wûn troch de Tsjechyske Veronika Fenclova. Yn de einstân hat Bouwmeester 49 punten, Van Acker 53 en Paige Railey út Amearika 71.

It grutte doel fan Marit Bouwmeester is it goud op de Olympyske Spelen fan Londen 2012. De olympyske wedstriden wurde syld op it wetter by Weymouth. Dêr wûn Marit earder dit jier de wrâldbekerwedstriid en ek it pre-olympysk toernoai. Boppedat waard se winner fan de wrâldbeker yn Medemblik. As de nûmer ien op de wrâldranglist en winner fan it algemien klassemint om de wrâldbeker 2011 wie de 23-jierrige sylster ien fan de grutte favoriten foar it WK fan Perth. Yn 2010 wie se twadde op it WK. Dat waard doe syld by Largs yn Skotlân.

(Tekst en foto: Omrop Fryslân)

 

Ek sjen:

  1. Goud foar Marit Bouwmeester PLYMOUTH – Marit Bouwmeester fan Warten is krekt as ferline...
  2. Australië baarnt PERTH – Australië is no just net fortúnlik de lêste...
  3. WK: Verweij op nûmer ien CALGARY – Koen Verweij giet op kop yn it algemien...
  4. Sjoerd Hamburger nei Olympyske Spullen LJOUWERT – Sjoerd Hamburger is ien fan de roeiers dy’t...
  5. Krijt Brazilië Olympyske Spullen? Brazilië wol graach de Olympyske Spullen fan 2016 organisearje. De...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic