Oprop: ferlet fan krystferhalen foar bern
moandei 19 desimber 2011
Ut it ûnderwiis en oare fermiddens komme geregeldwei lûden dat der driuwend ferlet is fan krystferhalen foar bern. Yn 1995 ferskynde “De fersierde krystbeam” en yn 2003 it “Tomke Winterboek”; dat is al wer eefkes lyn. “De waarmte fan desimber”, dat yn 2010 útkaam, wie ornearre foar folwoeksenen.
Krystferhalen foar bern
It Fryske Berneboek en It Skriuwersboun wol op dat ferlet ynspylje en hat him ta doel steld dat der takom jier in nije krystbondel op de planke lizze sil, yllustrearre mei sfearfolle tekeningen. Mar dy ferhalen moatte wol skreaun wurde fansels, en it like de projektgroep tsjin Krysttiid in gaadlik momint om in oprop ta it skriuwen fan krystferhalen útgean te litten.
Betingsten
De ynstjoerings moatte oan de folgjende betingsten foldwaan:
*De ferhalen moatte breed ynsetber wêze, religieus en net religieus
*De ferhalen binne ornearre foar bern fan de basisskoalle, dus fan 4 oant en mei 12 jier
*We wolle graach in ryk ferskaat, ek gedichten en toanielteksten binne wolkom
*Gjin lieten
*It moatte krystferhalen wêze, gjin winterferhalen
*Tal wurden: tusken de 500 en 2000
De seleksje
De teksten wurde troch in redaksje besjoen. Mocht der wat oan feroare wurde moatte, dan kin Skriuw, in projekt fan It Skriuwersboun en de Wendela Bonga Stichting, foar begelieding soargje. De redaksje kin mooglik ferhalen ôfwize dy’t net oan de kwaliteit foldogge. De ferhalen dy’t selektearre wurde foar de bondel komme yn oanmerking foar in fergoeding. De projektgroep is dwaande mei it oanfreegjen fan subsydzje en hopet in ridlike fergoeding biede te kinnen. Yn de projektgroep sitte Sytske Eringa, Joke Scheffer, Jan Schotanus, Immy Tappers, en Auck Peanstra.
De teksten moatte foar 1 febrewaris 2012 as Word-bestân (yn Times New Roman 12p) opstjoerd wurde nei Sytske Eringa: sytske.eringa@gmail.com.
Ek sjen:
- Fryske Printeboeken foar bern De Ried fan de Fryske Beweging hat in nij projekt...
- Op it Fean sjonge bern foar bern LJOUWERT – 116 bern út Fryslân dogge yn novimber mei...
- Oprop foar berneknoeiers DE HAACH – Berneknoeiers yn de katolike tsjerke moatte har 4...
- Bern binne boeken nedich Boeken binne wichtich. As bern grut wurde yn in hûs...
- Oprop: Wa hat ferhalen oer kneppelfreed? Dit jier betinkt de Ried fan de Fryske Beweging Kneppelfreed...









Roelie Knol de Jong
21 desimber 2011 15:39
Ik sil myn bêst dwaan.