Russyske satellyt stoart del op ierde

freed 16 desimber 2011

De satellyt Fobos-groent

MOSKOU – De Russyske satellyt Fobos-groent sil ynkoarten op ‘e ierde delstoarte. Dat hat de Russyske romtefeartorganisaasje Roskosmos buorkundich makke.

Fobos-groent (letterlik: Fobos-grûn) wie op 9 novimber ôfsketten. De satellyt moast grûnmeunsters nimme op Fobos, in moanne dy’t om ‘e planeet Mars hinne draait. Troch in technyske steuring rekke er lykwols yn in baan om ‘e ierde. Saakkundigen fan Roskosmos rekkenje dermei dat Fobos-groent tusken 6 en19 jannewaris op ‘e ierde delkomt. It is no noch net te sizzen wêr’t dat wêze sil, mar Roskosmos ferwachtet dat begjin jannewaris likernôch berekkenje te kinnen. De romtefeartorganisaasje giet derfan út dat de satellyt foar it grutste part opbaarne sil yn ‘e atmosfear, mar sa’n 200 kilo oan romteôffal sil dochs op ‘e ierde falle, sa is it betinken. Dêr kin ek in lyts bytsje radio-aktyf materiaal by sitte, mar neffens Roskosmos is dat te min om minsken siik te meitsjen.

Ek sjen:

  1. Russyske satellyt is delstoart (update) MOSKOU – De satellyt Fobos-groent komt neffens de berekkenings fan...
  2. Satellyt batst freed op ‘e ierde WASHINGTON – In satellyt fan de NASA sil nei alle...
  3. Dútske satellyt past op ierde BREMEN – Meteoriten dy’t op ierde stoarte en alle libben...
  4. Omrop fan satellyt ôf LJOUWERT – De radio-útstjoerings fan Omrop Fryslân binne fan 1...
  5. Noard-Korea wol satellyt yn de romte sjitte It lân wol yn april in raket lansearje om in...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic