Samle fersen fan dichter Jan Wybenga

moandei 12 desimber 2011

Takom maityd sille de ‘Samle fersen’ fan dichter Jan Wybenga (1917-1994) útjûn wurde troch Frysk en Frij. Ynlieder is dichter Abe de Vries, besoarger Goasse Brouwer.

Jan Wybenga wie ien fan de ynfloedrykste Fryske dichters fan nei de oarloch. Berne yn Warten, wenne er yn syn jongesjierren oan ’e Easterstreek by Noardwâld en yn Wolvegea, foar’t er wurk krige as ûnderwizer yn Wommels en op ’e Westhoek (by Swarte Haan). Yn de jierren fyftich ferhuze er nei Grins om learaar Nederlânsk te wurden oan de pedagogyske akademy.

Wybenga debutearre as dichter yn 1954 mei de bondel Amoeben, dy’t ynsloech as in bom. It lêste skift, ‘Hurrel’, befettet de earste Frysktalige ‘eksperimintele’ poëzij. Foar syn twadde bondel Barakkekamp (1962) krige er yn 1965 de Gysbert Japikspriis, in eare dy’t him yn 1977 op ’e nij bewiisd waard foar syn alom wurdearre bondel ‘Lyts Frysk Deadeboek’ (1974). Fan ferskate literêre tydskriften hat Wybenga redakteur west. Lês mear oer syn libben en wurk op sirkwy.nl.

Op syn log seedyksterfeartfisk skriuwt ynlieder De Vries: “ Wybenga is in kompleks dichter. Ien dy’t sjonge kin fan ferwûndering likegoed as noartsk prottelje oer ferlies. Ien dy’t like maklik in geastlike hymne skriuwe kin yn de styl fan Fedde Schurer as in praattaalkollaazje op de wize fan Barbarber. Ien dy’t op it stik fan belêzenens fier útpykt boppe de measte fan syn kollega’s. Nimmen dy’t it ‘probleem-Fryslân’ sa ûngenedich yn fersen foar ús delleit as Wybenga. Lyrysk, synysk en firtuoas.”

Ek sjen:

  1. Jan Wybenga – Aisikersfjild Hjir lei it blok fan de pols, rustich fan oer,...
  2. FeRstival siket nije fersen DRACHTEN – Ut FeRstival, de foardachtskriich foar learlingen út it...
  3. Fersen op ‘e sweef Yn it ramt fan de gedichtedei yn jannewaris 2012 wolle...
  4. Manuskripten dichter Sassoon De Universiteit fan Oxford hat de manuskripten fan Sassoon(1886-1967) op it...
  5. Takom wike: elke dei in Frysk gedicht op Radio4 Fan moandei oant en mei freed sil elke dei tusken...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic