Sjoernaliste-oplieding Windesheim striemin
woansdei 21 desimber 2011
DE HAACH – De sjoernaliste-oplieding oan hegeskoalle Windesheim yn Swolle moat hiel fluch ferbetterje, oars moat er ticht. Dat seit steatssekretaris Halbe Zylstra. Zylstra reagearret op in ferslach fan de NVAO, in organisaasje dy’t stúdzjes en opliedings yn it heger ûnderwiis beoardielet. De NVAO hat wurkstikken fan studinten sjoernalistyk yn Swolle besjoen en kaam ta de konklúzje dat dy lang net altyd it fereaske nivo hiene. De hegeskoalle hat hjoed al te witten dien dat er hurd wurkje sil oan better ûnderwiis.
Ek sjen:
- Halbe Zylstra wol koartere stúdzjebeurs DE HAACH – Steatssekretaris fan ûnderwiis Halbe Zylstra wol de...
- Protest tsjin djurdere stúdzje DE HAACH – Alvetûzen minsken hawwe freed yn De Haach...
- In toets meitsje mei de antwurden derby SWOLLE – Studinten kommersjele ekonomy oan de Swolster hegeskoalle Windesheim...
- Human Dynamics blykt ûnsin Human Dynamics, de populêre kursus foar it wurkjen yn groepen,...
- Hegeskoalle Stenden hat spyt LJOUWERT – Hegeskoalle Stenden is nei eigen sizzen op it...








