Snobisme sit ús yn it brein
tongersdei 22 desimber 2011
OXFORD – Snobisme is yn ús brein ynboud. Wy meie dingen graach lije as wy witte dat se wearde hawwe. Dat docht bliken út ûndersyk fan de universiteit fan Oxford.
Undersikers Martin Kemp, Andrew Parker, Mengfei Huand en Holly Bridge lieten proefpersoanen sjen nei skilderijen fan Rembrandt en nei goede ferfalskings. Se makken dêrby harsenscans fan de proefpersoanen. Der wie gjin ferskil te sjen harsenaktiviteit by de echte en de sabeare Rembrandts.
Doe fertelden se by guon skilderijen dat dy echt wiene en by oaren dat it gie om in ferfalsking. As de proefpersoanen hearden dat it skilderij echt wie, waard doe in gebietsje yn it brein aktyf dat ek wurket as wy wat lekkers ite of as wy pystich binne. Hearden se dat it in ûnechte Rembrandt wie, dan rekken se yn ferwarring en waard in gebiet aktyf dat minsken brûke as se in oplossing betinke moatte foar in probleem.
Neffens Andrew Parker makket it ûndersyk in soad dúdlik oer de manier hoe’t wy keunst wurdearje. Hy seit: “Us útkomsten jouwe stipe foar it idee dat ynfloeden fan bûten foar in grut part mei beskiede oft wy dingen wol of net moai fine.”
In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Frontiers in Human Neuroscience. Klik hjir foar in gearfetting.
Ek sjen:
- Brein kin min nijs net ferwurkje LONDEN – It brein kin ferfelend nijs net goed ferwurkje....
- Elektromagnetisme en it brein BOCHUM – Elektromagnetyske weagen beynfloedzje de wurking fan it brein....
- 18 is noch lang net folwoeksen EDMONTON – Minsken binne earst geastlik folwoeksen as se in...
- Pine sit tusken de earen OXFORD – Alle medisy binne bekend mei it plasebo-effekt, it...
- Geweldsspultsjes min foar selsbehearsking INDIANAPOLIS – De harsens fan minsken dy’t gewelddiedige kompjûterspultsjes dogge,...








