Sympoasium en boek oer twatalich ûnderwiis
tongersdei 1 desimber 2011‘Lange oanrin, koarte sprong’ is de titel fan it boek fan Koen Zondag dat presintearre wurdt op in bybehearrend sympoasium op freed 9 desimber 2011 yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert. It sympoasium begjint om 14.00 oere en telt trije lêzingen. Fierder is der muzyk en sang fan it Damwâldster Keamerkoar en Canzone ûnder lieding fan Jaep Meems.
De earste lêzing wurdt holden troch drs. Pieter Duijff, wittenskiplik meiwurker by de fakgroep Taalkunde fan de Fryske Akademy: ‘Nei de sprong it ankel ferkloft, oer de beneaming fan lichemsdielen yn it Frysk’. Prof. dr. Sieneke Goorhuis-Brouwer, emearitus heechlearaar fan de Rijksuniversiteit Groningen, spesjalisearre yn spraak- en taalsteurnissen by bern, ferfolget it sympoasium mei de lêzing: ‘Experimenten met tweetalig onderwijs’. De lêste lêzing wurdt holden troch de skriuwer fan Lange oanrin, koarte sprong, Koen Zondag. Zondag, âld-beliedsmeiwurker twataligens GCO/MSU Fryslân, hâldt de lêzing: ‘It wurdt in hiele toer’.
Earste eksimplaren
De earste eksimplaren fan ‘Lange oanrin, koarte sprong’ wurde oanbean oan Geart H. Vledder (âld-direkteur fan it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy) en dr. Geart Benedictus (earder lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân en fan de Earste Keamer).
‘Lange oanrin, koarte sprong’ ferhellet oer de skiednis fan it twatalich beuker- en leger ûnderwiis yn Fryslân. Yn it boek wurdt mei help fan in grut tal boarnen – bygelyks oantekens fan skoalbestjoeren en publikaasjes fan foar- en tsjinstanners – neigien hoe’t de prosessen ferrûnen, hokker minsken en ynstânsjes der by belutsen wiene en oft ynspannings fertuten dien hawwe.
Spesjale sympoasiumpriis
Oan de ein fan it sympoasium is it boek foar de spesjale sympoasiumpriis fan € 15,00 te keap by de boeketafel fersoarge troch de Afûk. De normale winkelpriis fan de publikaasje sil € 22,50 bedrage.
Ek sjen:
- Sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’ De Fryske Akademy organisearret yn ’e mande mei it Huygens-ING...
- Oarloch en fete neier besjoen De Fryske Akademy organisearret yn it ramt fan de ‘Wike...
- Sympoasium: Op Planten net úsjoen De lettere planteman en biology-learaar Douwe Taeke Engelbertus van der...
- Mercator organisearret sympoasium Ljouwert, 6 oktober 2010 – It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens...
- Frysk ûnderwiis gâns better LJOUWERT – De basisskoallen yn Fryslân binne gâns foarútbuorke. Yn...








