Tomke no ek op de iPad!

freed 2 desimber 2011

De ferhalen fan Tomke binne no ek beskikber foar de iPad! De app is bedoeld foar pjutten en bestiet út trije Tomke-boekjes op rym. It binne de boekjes ‘Tomke en it kado’, ‘Tomke en Swarte Pyt’ en ‘Tomke en de krystkrânskes’. De ferhalen binne troch de pjut as film te besjen en kinne ek troch heit en mem foarlêzen wurde. De boekjes hawwe animaasjes dy’t de bern sels ûntdekke kinne. Nei elk ferhaal is der in bypassende puzel en de bern kinne derfoar kieze om it spultsje ‘sykje it plaatsje’ te dwaan. De Tomke app wurdt om ‘e nocht oanbean troch de Afûk en is del te laden yn de AppStore fan Apple. De app is mei ta stân kaam troch HTApplications en Gubbe Publishing en is mei mooglik makke troch finansjele stipe fan de provinsje Fryslân.

Ek sjen:

  1. Der komt in Tomke-app foar de iPad It Tomke-projekt bestiet no 15 jier en dat is in...
  2. Tomke fergees te krijen Fan 19 jannewaris ôf is yn alle fêste bibleteken it...
  3. Tomke 15 jier! Feest by Aqua Zoo It is safier! Moarn fiert Tomke feest by Aqua Zoo...
  4. Tomke-boekje no fergees yn de bibleteek LJOUWERT – Mei yngong fan hjoed lizze de nije Tomke-boekjes...
  5. Tomke-foarlêsboekje Spesjaal foar de Nationale Voorleesdagen (bedoeld foar pjutten en beukers)...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic