Trije nije leararessen Noard-Frysk

snein 11 desimber 2011

Foaroan, fan lofts: Kirstin Goebel, Britta Frank en Gyde Hahn mei harren sertifikaat. Efteroan, fan lofts: Steffen Kirchhof (meiwurker universiteit), Volkert Faltings (dosint), Thomas Steensen (dosint).

FLENSBURCH – De universiteit Flensburch hat dit jier trije nije leararen Frysk ôflevere. De trije froulju hawwe in jier lang in yntinsive kursus Frysk folge. Okkerdeis krigen se fan harren dosinten Volkert Faltings en Thomas Steensen it “sertifikaat Frysk”.

De kursus op masternivo is eins ornearre foar studinten Dútsk dy’t it ûnderwiis yn wolle en neist Dútske les ek Noard-Fryske les jaan wolle. Kirstin Goebel en Gyde Hahn studearren Dútsk en it like harren aardich om Frysk derneist te dwaan. Britta Frank is in bysûndere studint. Se wurket al lang op in skoalle op it Noard-Fryske eilân Sylt/Sal en woe graach les jaan yn de taal fan it eilân.

De trije froulju hawwe it earste healjier brûkt om better Noard-Frysk te learen en om mei de besteande learmaterialen yn ‘e kunde te kommen. Yn it twadde healjier hawwe se harren ferdjippe yn saken lykas it Frysk yn Nederlân, de Fryske skiednis en de kultuer fan de trije Fryslannen.

(Foto: Universität Flensburg)

Ek sjen:

  1. Frysk Noard-Dútslân yn lytse dip Frysk op skoallen yn Noard-Dútslân giet mei weachbewegings. Mei goede...
  2. EduNordFriisk: online Noard-Frysk leare BRÄIST – Yn it noarden fan Dútslân leit Noard-Fryslân. Dêr...
  3. Nije film oer Noard-Fryske taalynstituten De Fryske Rie hat fan ‘t hjerst in film meitsje...
  4. Versloot nije perfester Frysk AMSTERDAM – Arjen Versloot is beneamd as nije heechlearaar Frysk...
  5. Noard-Frysk seegers nei Skier LJOUWERT – Dizze dagen wurdt seegers útset op ‘e Waadsee...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic