Wy ite aardich wat op mei syn allen

tongersdei 29 desimber 2011

De supermerken hawwe dizze wike in omset behelle fan 825 miljoen euro. Dat hat it CBL hjoed bekend makke. Net earder is der yn Nederlân safolle jild útjûn oan iten en drinken. De omset giet alle ferwachtings te boppe. Ferline jier waard der 721 miljoen omset draaid. De hege omset hat te krijen mei it feit dat de krysttiid yn it wykein foel. Boppedat hawwe mear minsken de kryst thús fierd, mear as yn oare jierren. Kommende freed en sneon sil it wer drok wurde by de supermerken. It CLB ferwachtet dat in protte minsken wurk meitsje fan it diner omdat it wer op sneon falt.

Ek sjen:

  1. Mei ús allen nei Kûndûz In mearderheid yn de Twadde Keamer hat foarstimd. Der wurde...
  2. EBay ferkeapet Skype In grut part fan Skype is foar 2,75 miljard dollar...
  3. Mear minsken nei de film Yn Nederlân hawwe yn 2010 mear minsken nei de bioskoop...
  4. FrieslandCampina mear winst FrieslandCampina hat oer de earste helte fan 2009 30 persint...
  5. Betelje foar websiden? Der is al in moai skoft in diskusje geande oer...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic