WO2-boeken Loe de Jong online
snein 11 desimber 2011
Loe de Jong (foto: Ryksuniversiteit Grins)
AMSTERDAM – It folsleine standertwurk (30 boeken) fan lânshistoarikus Loe de Jong oer de Twadde Wrâldoarloch stiet online. It Nederlands Instituut voor OorlogsDocumentatie (NIOD) hat de 18 tûzen siden fan Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog op fersyk fan in soad minsken op ynternet set. De boeken steane no noch as pdf-bestannen op it net, mar it NIOD wurket oan in systeem mei in databank en sykmasine dat it mooglik meitsje moat om beskate passaazjes yn de tekst op te sykjen. De foto’s binne net online set, om’t dêr faak auteurs- of portretrjocht op sit.
Yn de tabel hjirûnder binne alle dielen fan Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog as pdf-triem op te freegjen.
Klik hjir foar it webstee fan it NIOD. (Troch grutte belangstelling kin de side stadich lade.)
Klik hjir om de televyzjerige De bezetting te besjen, dy’t Loe de Jong foar de NTS makke hat.
Ek sjen:
- Boeken Ewoud Sanders online Ewoud Sanders, de bekende taalpublisist, hat in grut part fan...
- Boeken oer kening Arthur online AMSTERDAM – Yn de rige online-blêderboeken hat de Keninklike Bibleteek okkerdeis tsien...
- Schwob foar ûnûntdutsen boeken Der binne in protte wichtige boeken dy’t wy yn Fryslân...
- No fergees boeken downloade! Sjoernalist Ewoud Sanders is fan betinken, dat boeken fergees op ynternet komme...
- Bern binne boeken nedich Boeken binne wichtich. As bern grut wurde yn in hûs...








