’250 tûzen minsken lêze Frysk’
freed 20 jannewaris 2012
Neffens de earste sprekker fan de Literêre 4-Stêde Tocht binne der sawat 250.000 minsken yn Fryslân dy’t ús taal wol lêze kinne. Klassikus André Looijenga hat ûndersyk dien nei literatuer yn it Frysk en twa oare lytse talen, it Friûlysk (yn Noard-Itaalje) en it Letzebürgysk (yn Lúksemboarch). Yn alle trije gebieten is de eigen taal allinnich dominant as sprektaal. Der binne in protte oerienkomsten, ek út de literêre histoarje wei besjoen. As je sjogge nei it tal boeken dat jierliks yn de eigen taal útjûn wurdt, dogge wy it hjir net min. Yn Fryslân hat de taal syn status stadichoan fergrutte, mar yn Lúksemboarch binne se dêr fierder mei kaam.
Looijenga hat ek útsocht wat minsken driuwt om yn it Frysk skriuwe te wollen. Hast alle Friezen binne ommers meartalich en ha op skoalle neat (of in bytsje) skreaun yn de memmetaal. De sprekker hat fraachpetearen holden mei skriuwers en koe harren motiven gearfetsje ûnder fjouwer kategoryen: emosjoneel, ideologysk, praktysk en artistyk. De sprekker kaam ek oer it lêzen yn it Frysk te praat. Dat is meastentiids foar de ferdivedaasje. Boeken dy’t op de ien of oare manier wat mei Fryslân te krijen hawwe, wurde it faakst lêzen.
De lêzing waard ôfsluten mei fragen en diskusje. It gie û.o. oer it ferskil tusken skriuwtaal en sprektaal, mei as aktueel foarbyld Halbe fan de Carglass reklame. De offisjele reklame is yn skriuwtaalfrysk, de parody yn ‘soppich’ praatfrysk.
Dizze lêzing waard 17 jannewaris holden yn Ljouwert. Mei fjirtjin dagen is der wer in lêzing fan de Literêre 4-Stêde Tocht. Dan sil Greet Andringa op ’e tekst oer alle Frysktalige romans fan skriuwer Koos Tiemersma. Dy hat fiif hiel ferskillende boeken skreaun en kundige ein 2009, nei it ferskinen fan ‘Under Wetter’, oan dat it syn lêste Fryske boek wie…
De twadde lêzing hat as titel ‘Dien wurk’ en wurdt 31 jannewaris om 20:00 oere holden yn de bibleteek fan It Hearrenfean.
Mear ynformaasje op www.sirkwy.nl – de webside fan de Fryske literatuer.
De Literêre 4-Stêde Tocht wol minsken berikke dy’t har betrutsen fiele by de Fryske literatuer. Dêrta wurde û.o. rekkene skriuwers, lêzers, studinten, dosinten, sjoernalisten, resinsinten, útjouwers, ûnderwizers, Afûk-kursisten, leden fan Fryske kriten, bibleteek meiwurkers, leden fan lêsgroepen, ensafh.
Fjouwer sprekkers hawwe de opdracht oannommen om in tal markante aspekten fan de Fryske literatuer út te wurkjen yn in lêzing en essay. De lêzingen wurde hâlden yn de fjouwer grutste Fryske stêden: Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits, alle kearen op in tiidsdeitejûn yn in bibleteek. Elke lêzing stiet op himsels en de harkers hoege net de hiele 4-stêdetocht te folbringen…
(Tekst: Ensafh)
Ek sjen:
- Literêre Fjouwerstêdetocht Op 17 jannewaris begjint de Literêre Fjouwerstêdetocht. Dat is in...
- Oer it libben fan oare minsken De ôfrûne tsien jier hat in opmerklik oantal biografyen it...
- Finishferslach fan de Literêre 4-Stêdetocht De Literêre 4-Stêdetocht hat de finish helle, mei in lêste...
- Wêrom dogge minsken sa raar oer it Frysk? It filmke fan Carglass hat hiel wat los makke. Minsken...
- Lêzing en optreden fan Nyk de Vries De finish-lêzing fan de Literêre 4-Stêde Tocht giet oer ‘Raffelich...









Grytsje Kingma
20 jannewaris 2012 09:25
As der mar leafst 250.000 Frysk-lêzers binne, dan is der dochs noch hope foar al dy Fryske skriuwers, dichters en lietsjesjongers?
Of is dit te optimistysk tocht?
Ferjo
20 jannewaris 2012 14:24
dan freegje ik my ôf wêrom’t der net mear Frysk yn de krante kin.
Ferjo
20 jannewaris 2012 14:25
Moat mar iens in stikje skriuwe dan, liket my
Johannes
20 jannewaris 2012 15:44
Mar 250.000 fan ‘e 600.000 dy’t yn Fryslân wenje lêze Frysk!? Dat is noch net de helte. Der moat noch in protte barre op de skoallen om dat sifer fan 600.000 te heljen. Kom op Friezen, jimme kin it, doch it dan ek!
Grytsje Kingma
20 jannewaris 2012 16:14
Sifer fan 600.000? Ik fyn 250.000 al sa optimistysk. Do wolst alle Friezen oan it Frysk lêzen hawwe, Johannes?
Wy sille de moedfearren mar net hingje litte, mar is dat gjin utopia?
Der waard ek sein op de jûn yn Tresoar dat om en neiby 12 % fan de Friezen it Frysk SKRIUWEN machtich is (as ik it goed ûnthâlden haw), dat liket my ek al in te rôze skildere byld. Lêze giet faak noch wol, mar skriuwe is faak al in hiel oar ferhaal. Om it oer GOED skriuwen noch mar net te hawwen.
Ik haw faak it idee dat ik yn myn omjouwing in grutte útsûndering bin mei Fryske mails, Fryske parseberjochten, Fryske lietteksten.
Dêrom sa no en dan mar ris hjir by Itnijs sjen, foar in bytsje lykwicht
janny
20 jannewaris 2012 19:53
250.000 binne neffens my al in hiel soad want ast no rekkenst fan dy 600.000 binne der ek noch lytse bern en poppen.
Mar hawar ik bin foar it frysk en ik sjoch hiel graech dat it bliuwt.
Ik sil ek noch wolris fouten meitsje mar dan siz ik foar mysels, gewoan troch gean want oars skriuwt aanst eltsenien healewys frysk.
Lang om let bliuwt oer as wy it mar lêze kinne.
Tagelyks wit ik ek dat de taal libbet.
.
Johannes
20 jannewaris 2012 19:57
As jo wat wolle moat je foar it uterste gean. Foar priis en preemje. Geef Frysk skriuwen kinst leare, mar as dat net op skoalle leard wurdt, dan wurdt it by in protte minsken neat. Mar in protte Nederlânske minsken kin ek net goed en geef Hollânsk skriuwe. It is faak om te janken hoe se eameltsjes skriuwe en ek nochris mei in protte taal flaters. Op de Fryske basis skoallen MOAT der troch de masters en juffen Hollânsk praat wurde en der giet it Frysk.
Grytsje, ik skriuw it ek allegearre yn ‘t Frysk en dat wurdt goed wurdearre yn myn omkriten.
Grytsje Kingma
22 jannewaris 2012 14:23
Foar priis en preemje is wol moai! Mar de praktyk is wolris oars.
Frysk maile en skriuwe en twitterje en facebooke en wat net al is lang net foar elkenien “gewoan”. Hoe kin it dat wol wurde?
Troch it gewoan mar te dwaan?
Ik woe wol dat it sa ienfâldich wie…
Abe
6 febrewaris 2012 23:58
Lytse korreksje: 250.000 minsken jouwe yn enkêtes oan dat se by steat binne om Frysk te lêzen. Dat wol net sizze, dat se it ek dogge… It seit ek neat oer harren lêsnivo. Bedoele se, dat se it ferdwaalde Fryske sitaat yn de krante folgje kinne, of bedoele se dat se in roman fan Durk van der Ploeg lêze kinne?
Grytsje Kingma
7 febrewaris 2012 08:20
Ja Abe, dêr sit in grut ferskil tusken. Hoe wurdt sa’n ûndersyk ynterpretearre. En troch wa wurdt sa’n ûndersyk bekostige, want it is faak de jildsjitter dy’t fan tefoaren al oanjout hokker kant it op moat mei de útkomst. No witte wy fierder neat oer it hoe en wêrom fan dit ûndersyk, mar ik tink dat dat sifer wol wat de optimistyske kant neist is.
Mar hawar, litte wy optimistysk bliuwe dochs?