Moargen
sneon 28 jannewaris 2012Op it keatslân yn Winaam stiet op de kantine ‘De Moargen’. Party lju witte net mear dat in moargen in lânmjitte is. Yn Fryslân komt dy beneaming it meast op It Bilt foar. In moargen is in stik lân sa grut dat it op ien moarn ploege wurde kin. Op It Bilt koe men mear as earne oars, want de Biltske moargen is 92 are, wylst bygelyks de Rynlânske 85 en de Gelderske mar 32 are is.
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik op: moargen
(en set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes ‘Toon ook: subbetekenissen | citaten’)
boarne: www.taalbaas.blogspot.com
Ek sjen:
- Kaai en sleutel Hieltyd mear Friezen ferfange kaai troch sleutel. Dat is fansels...
- Taalbaas: aaklik frommeske Paulus Akkerman beskriuwt yn it ferhaal ‘Oan ’t wiif’ (yn...
- It Wurdboek fan de Fryske Taal is klear LJOUWERT – It wie 51 jier wurk. It grut Frysk...
- It keallet dreech ‘Dreech’ is in Frysk wurd foar ‘moeilijk’. As in proses...
- Baarmoeder of skûlliif? ‘Baarmoeder’ is net in maklik wurd om yn it Frysk...









Ferjo
28 jannewaris 2012 12:27
in mêd is wat in persoan yn ien dei mei de seine meane kin.
Wa hat noch mear…
triarii
28 jannewaris 2012 17:38
In stryktocht,is it oerflak gers dat men mei de seine meane kin tusken twa kear slypjen mei de strykstok.
H.
29 jannewaris 2012 14:07
In moargen wie gelyk oan treddel (=2,5) pûnsmiet (útspraak meastal “pemjit”, Hollânsk “pondemaat”). Wylst de moargen yn in grut stik fan Europa foarkomt, is de pûnsmiet fierhinne beheind ta Fryslân.