Afûk wol ynternasjonaler

freed 13 jannewaris 2012

LJOUWERT – De Afûk wol ynternasjonaler wurde. De Ljouwerter taalorganisaasje wol it foar Friezen om utens makliker meitsje om op ynternet Frysk te learen. Fierders wol er mear Ingelsktalich materiaal meitsje om Frysk te learen en taalkundigen oer de hiele wrâld stypje by it learen en ûndersykjen fan de Fryske taal. Yn 2011 is as earste oanset al in lytse Ingelsktalige ferzje makke fan eduFrysk, de ynternetkursus Frysk fan de Afûk.

5000 Frysklearders, 80% wiis mei it Frysk

Dat skriuwt de Afûk yn syn nij beliedsplan foar de perioade 2012-2016. Yn dy perioade wol de Afûk folle mear kursisten oanlûke. Doel is dat der yn 2016 fiiftûzen minsken in kursus Frysk by de organisaasje folgje. Dat is likernôch fiif kear safolle as de ôfrûne jierren. Benammen ynternetmateriaal moat de groei mooglik meitsje.

De kommende jierren wol de Afûk de populariteit fan it Frysk fierder fergrutsje, bygelyks troch jonge âlden foarljochting te jaan oer meartaligens, troch it ûntwikkeljen fan online-materiaal foar de Fryske les op skoallen en troch de boartlike aksjes fan Praat mar Frysk. It stribjen is dat yn 2016 80% fan de ynwenners fan Fryslân wiis is mei de Fryske taal.

Lân fan taal

De Afûk wol fierders meiwurkje oan in kultuersintrum by de Aldehou. Dêryn moatte Friezen en toeristen op in aktive manier in hiel soad oan ‘e weet komme oer de identiteit fan de Friezen, it Fryske mienskipsgefoel, de Fryske taal en de Fryske kultuer. Foar it sintrum, dat Fryslân, lân fan taal hjitte moat, wurket de Afûk gear mei oare kulturele organisaasjes, lykas Tresoar. Dêrneist wol de Afûk mear bydrage oan it stimulearjen fan kultuertoerisme yn Fryslân en is it ynstitút fan doel om de kommende jierren op syn minst fiifentweintich boeken oer de skiednis fan Fryslân út te jaan.

Klik hjir om it beliedsplan 2012-2016 fan de Afûk te lêzen.

Ek sjen:

  1. Afûk gadingmakker e-learningpriis LJOUWERT – It Fryske kursusynstitút Afûk yn Ljouwert is nominearre...
  2. Afûk wol gjin bûtenlanners De Afûk wol gjin bûtenlanners hawwe! Sa docht bliken út...
  3. De Afûk hat in nij webstee LJOUWERT – Taalorganisaasje Afûk yn Ljouwert hat syn webstee folslein...
  4. De NHL helpt de Afûk mei Fryske lessen LJOUWERT - De Ljouwerter hegeskoalle NHL nimt takom jier in part fan...
  5. Afûk nimt ôfskied fan Alian Akkermans Nei 25 jier yn tsjinst west te hawwen nimt de...

1 reaksje op “Afûk wol ynternasjonaler”


  1. Baaske Jezus
    13 jannewaris 2012 19:02

    Prachtich nijs! Nuver dat soks der noch net wie.

    Globalisearring betsjut net allinnich de wrâld nei Fryslân komme litte, mar Fryslân en it Frysk ek de wrâld yn helpe.

    Yn Fryslân kin it soms lang duorje foar’t de eagen iepen gean, mar úteinlik komt it dan yn de blessueretiid noch wol goed.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic