Amsterdamske haadrabbyn út funksje set

woansdei 18 jannewaris 2012

Aryeh Albag

AMSTERDAM – It bestjoerd fan de joadske gemeente yn Amsterdam hat haadrabbyn Aryeh Ralbag ynearsten út syn funksje set. De gemeente is lilk op Ralbag, dy’t yn ‘e Feriene Steaten in ferklearring ûnderskreaun hat dêr’t yn stiet dat homoseksualiteit in sykte is en dat minsken derfan genêze kinne. By syn namme stie ynearsten dat er syn útspraak die yn de funksje fan Amsterdamske haadrabbyn. Dat wie lykwols sûnder syn tastimming dien, sei Ralbag. Hy stiet wol efter de ynhâld fan de ferklearring. Neffens de Amsterdamske joadske gemeente is de fisy fan Ralbag stridich mei dy fan de gemeente sels.

Ek sjen:

  1. Strideraasje oer funksjeferbod haadrabbyn AMSTERDAM – Otterdokse joaden yn it bûtenlân wolle stappen sette...
  2. Taalprobleem by Amsterdamske brânwacht AMSTERDAM – It alaarmnûmer 112 wurdt faak skille troch minsken...
  3. Amsterdam kontrolearret besikers AMSTERDAM – Kamera’s dy’t pleatst binne om te kontrolearjen oft...
  4. NHM yn Amsterdamske tsjerke DE HAACH – It Nasjonaal Histoarysk Museum (NHM) komt net...
  5. Amsterdam wer frij fan ferpofamtners AMSTERDAM – Alle amtners fan de Amsterdamske boargerlike stân wolle...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic