Straf foar net-twatalige Belgyske amtners
tongersdei 12 jannewaris 2012
Hendrik Bogaert
BRUSSEL – Friezen kenne it probleem fan it jin ferbrekken ek wol: jo belje mei de brânwacht of de belestingtsjinst, jo wurkje by in gemeente en hawwe in wichtich petear mei jo sjef, jo fiere in sollisitaasjepetear by de oerheid. Jo hawwe it rjocht om Frysk te praten, mar jo peteargenoat ferstiet jo net. Dus ferbrekke jo jo mar.
Yn België bestiet dat probleem ek en benammen Nederlânsktaligen hawwe der lêst fan dat se har ferbrekke moatte. Dêr moat no mar ris in ein oan komme, is de Belgyske steatssekretaris fan amtnerij Hendrik Bogaert fan betinken. Hy wol de kommende tiid de hûndertfjirtich heechste Belgyske amtners in taaltoets meitsje litte. Se moatte dêrmei bewize dat se it Frânsk èn it Nederlânsk goed behearskje. Dy ferplichting is tsien jier lyn yn ‘e wet fêstlein, mar yn ‘e praktyk is der nea wat mei dien. Ferskate Frânsktalige amtners hawwe in fêste sekretaris dy’t de Nederlânsktalige petearen foar harren fiert.
“Ik vind die eis niet uit, die staat al in de wet sinds 2002″, seit Bogaert. Hy wol amtners dy’t de toets net helje foar straf in flinke salariskoarting jaan. “Het is duidelijk dat dit moet”, seit er. Hy neamt fjouwer arguminten foar syn aksje: as earste dat de twataligens yn ‘e wet stiet. As twadde dat amtners djoer en yneffisjint binne as se hieltyd in oersetter hawwe moatte. As tredde dat hege amtners gjin goede sjef wêze kinne as se de taal fan harren personiel net prate. En as fjirde dat it nije regear-Di Rupo sjen litte wol dat it de taalrjochten fan ‘e Belgen serieus nimt.
Foar wa’t op ‘e hichte is mei de taalnivo’s fan it Europeesk Referinsjeramt: de Belgyske Ryksamtners moatte beide lânstalen prate kinne op nivo B1 prate kinne. Se moatte se ferstean en lêze kinne op nivo B2. Bogaert tinkt dat in tal amtners de kommende tiid hurd oan ‘e stúdzje moat, mar dat úteinlik mar in hantsjefol de toets net helje sil.
Ek sjen:
- Belgyske steatsbedriuwen wurde Frânsktaliger BRUSSEL – De Belgyske post hâldt him net oan de...
- Hongerstaking om Katalaanskpratende amtners PALMA DE MALLORCA – Trije taalbewegers op ‘e Baleäryske eilannen...
- Taalprobleem yn Belgyske soarch BRUSSEL – It Flaamske Keamerlid Ben Weyts (N-VA) wol by...
- Minder keunst en amtners DE HAACH – In wike foar kofferketiisdei geane gâns besunigingsplannen...
- Provinsjale amtners fuort LJOUWERT – De provinsje moat tige besunigje op syn amtlike...









Kening Redbad
10 maart 2012 14:54
In tige goede saak, alwer is Flaanderen ek hjiryn ús ljochtsjend foarbyld. Yn Fryslân neifolgje!