Belizzers easkje 1,8 miljard fan Wulff

sneon 7 jannewaris 2012

FRANKFURT – De Dútske presidint Christian Wulff kriget it hieltiten dreger. Nei de reboelje om in priveeliening en Wulff syn mooglik yntimidearjend kontakt mei Dútske kranten tsjinnet him no in nij skandaal oan. In groep fan hast santich banken en oare belizzers easket fan Wulff in skeafergoeding fan 1,8 miljard euro.

Dat bedrach hawwe se ferlern doe’t autobouwer Porsche yn 2008 in soad oandielen Folkswein opkocht en begjin 2009 in fúzje mei Folkswein oankundige, dy’t koart dêrnei wer ôfblaasd waard. De koertsen fan oandielen Folkswein giene doe hurd op en del. Wulff wie op dat stuit as minister-presidint fan Nedersaksen lid fan de rie fan tafersjoch fan Folkswein. Neffens de belizzers hat Wulff syn wurk net goed dien troch ynformaasje oer de fúzjeplannen geheim te hâlden. Net allinne Wulff wurdt oanklage, mar ek de doetiidske direkteurs fan Porsche en Folkswein.

Ek sjen:

  1. Opskuor om Noard-Frysk wykein Christian Wulff It reint de lêste moannen beskuldigings tsjin de Dútske presidint...
  2. Wulff stapt op (update) BERLYN – De Dútske presidint Christian Wulff nimt hjoed dien....
  3. Wulff nije Dútske presidint BERLYN – De Nedersaksyske premier Christian Wulff (foto) wurdt de...
  4. Tarieding proses tsjin Wulff HANNOVER – De sosjaal-demokratyske SPD yn de Dútske dielsteat Nedersaksen...
  5. Dútske presidint ûnder fjoer BERLYN – De Dútske regearingspartijen stypje presidint Christian Wulff. Dy...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic