Bern lêze gedichten foar yn de bus

woansdei 18 jannewaris 2012

LJOUWERT – Wa’t de moarns fan 26 jannewaris mei de stedsbus troch Ljouwert rydt, wurdt ûnderwiis ûnthelle op Fryske gedichten. Dy wurde foardroegen troch Fryske skoaljeugd. Hja dogge dat ta gelegenheid fan ‘e nasjonale gedichtedei. De foardragers witte wol wat se dogge. Hja binne nammentlik de finalisten foar de Fryske foardrachtskriich FeRstival.\

De foarlêzerij is in idee fan deputearre Johannes Kramer. De organisaasje is dien troch kultureel sintrum Tresoar út Ljouwert en busferfierder Connexxion.

(Foto: Wikipedia / Spoorjan)

 

Ek sjen:

  1. Gedichten foar bern fan Baukje Wytsma By útjouwerij Afûk is in nije dichtbondel fan Baukje Wytsma...
  2. Op it Fean sjonge bern foar bern LJOUWERT – 116 bern út Fryslân dogge yn novimber mei...
  3. Bern lêze better troch aktualiteit In ûnderwiisprojekt mei de namme ‘nieuwsbegrip’ dat tusken maart en...
  4. Fryske gedichten op ‘e telefoan LJOUWERT – De jonge, multymediale lêzer waarm meitsje foar Fryske...
  5. FeRstival siket nije fersen DRACHTEN – Ut FeRstival, de foardachtskriich foar learlingen út it...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic