Beter leeigen as vleeigen

snein 22 jannewaris 2012

BEILEN – “Je kunnen beter leeigen as vleeigen”, sizze de Drinten. Dat wol sizze: jo kinne better lige as fleane, oftewol: jo kinne better in ferlechje betinke as ûntslein wurde. In moai stikje Nedersaksysk taaleigen, beskreaun troch Abel Darwinkel fan it Huus van de Taol. Hy hat in kollum skreaun oer de Drintske farianten fan it tiidwurd ‘lige’. Klik hjir om de kollum te lêzen.

Ek sjen:

  1. Binnen en bûten op syn Drintsk BEILEN – It Frysk hat it wurd bûten. Dat bestiet...
  2. Wintersk taaleigen yn it Drintsk BEILEN – Drintske iiswille omfettet saken lykas schaoltie lopen, scheuveln,...
  3. Slaopen & Stoet BEILEN – De Drintske dialektorganisaasje Huus van de Taol wol it...
  4. Drintsk op skoalle yn streektaalmoanne BEILEN – Maart is de Nederlânske streektaalmoanne. Yn Drinte wurdt...
  5. Drintsk wurd fan it jier: bluesopera BEILEN – It Drintske wurd fan it jier is bluesopera....

4 reaksjes op “Beter leeigen as vleeigen”


  1. Lútsen
    21 jannewaris 2012 15:36

    Soene se yn it Oertsjongerske en it Oerlauwerske ek safolle nijsgjirrige dingen fertelle (kinne) oer it Frysk en syn farianten, freegje ik my ôf. Op dizze webside ferskynt de lêste tiid wol gauris in artikel oer it Oertsjongersk en oare Saksyske tongslaggen. Sil de Saks wolris yn geunstige of neutrale sin oer ús taal prate of skriuwe? Ûnbekend makket ûnbemind, dat it soe goed wêze foar in gruttere ferdraachsumens mank Friezen en Saksen as Saksen fan ús taal ek mear ôf wisten. Of soe it lizze oan de gruttere ôfstân dy’t it Frysk ynnimt neffens it Saksysk en it Frankysk? De skriuwer hellet it Dútsk en Ingelsk wól oan, wêrom it Frysk net? Lichtwol hat er te min witnis fan ús taal om der wat bestekliks oer te sizzen. Faaks is er skruten nei syn ‘efterban’. Miskien lêst er dit. Ik sjoch út nei syn reaksje.


  2. Abel Darwinkel
    21 jannewaris 2012 16:25

    Dag Lútsen,

    Da’s toch gauw, of neeit. Ik heb joen bericht lezen. Ik bin veur ‘t eerst op dizze webstee envin ‘t mooi dat mien stukkies hier te lezen binnen.
    Ik heb te min kennis van ‘t Freeis om der zulf wat over te zeggen in mien stukkies. Smanks doou ik ‘t wel, dan vraog ik een goeie kennis die veul van ‘t Freeis wet.
    Ik kan wel Freeis lezen en verstaon (ik woon in Appelsche, waor oj ok nog aordig wat Freeis heuren), mor ik zul ‘t ok geern spreken willen, mor op dit moment kan ik ‘t niet wachten om ‘t te leren. Drok op ‘t wark, tweei kleine kinder en een vrouw met een boeskool onder de schoet. ( En die leste zin beteeikent dat ze zwanger is.)

    Wat beteeikent dizze zin: Faaks is er skruten nei syn ‘efterban’.

    vriendelijke groeten,

    Abel Darwinkel


  3. M
    21 jannewaris 2012 16:36

    Moi!
    “Faaks is er skruten nei syn efterban” betaikent dat hai lichtkaans n bedie benauwd is veur de reactie van zien achterban. “Faaks” is “misschien” en “skruten” is “terughoudend, verlegen”.


  4. Lútsen
    21 jannewaris 2012 18:28

    @Abel: tank foar dyn rêde reaksje. @M: tank foar de taljochting. Lykwols, hoe tinke jimme dêroer, bettere foarljochting oer it Frysk foar Saksen? Dy fraach is jit net beäntwurde. @M: aan dien toal te zain bist doe n Grunneger, of nait? Hoewol, by it wurd ‘bedie’ tink ik dochs wer oan Drinte. Noard-Drinte? ‘Smanks’ hie ik noch nea fan heard – sil wol ‘soms’ betsjutte. Tige tank foar jimme reaksjes en súkses mei it learen fan Frysk.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic