Bewenners Grouster eilannen wer thús

snein 8 jannewaris 2012

GROU – De bewenners fan de eilannen De Burd en Yn ‘e Lijte by Grou binne wer thús. Wetterskip Fryslân hat de eilannen yn ‘e Pikmar sneontejûn ta feilich gebiet ferklearre. Tongersdei briek de dyk op De Burd troch en waarden de eilannen ûntromme. It wetter is wilens sakke en de dyk is ferstevige. Foar safier’t no bekend is, hawwe de hûzen en karavans op ‘e eilannen, dy’t almeast op ferhegings steane, gjin skea oprûn.

(Foto: Wikipedia / Debot)

 

Ek sjen:

  1. ME’ers beweitsje Grouster eilannen GROU – De Mobile Ienheid (ME) bewekket fannacht de eilannen...
  2. Boarnsterhim ûntrommet Grouster eilannen GROU – It eilân Yn ‘e Lijte yn ‘e Pikmar...
  3. Grouster eilannen ynearsten ûnfeilich LJOUWERT – De evakuearre bewenners fan eilân De Burd krije...
  4. Chagos-Eilannen wurde natuergebiet Tidens de Kâlde Oarloch waarden ein jierren sechstich de bewenners...
  5. Bewenners werom nei Antilleflet LJOUWERT – Bewenners fan de Antilleflet yn Ljouwert hawwe moandei...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic