Boarnsterhim ûntrommet Grouster eilannen
tongersdei 5 jannewaris 2012
GROU – It eilân Yn ‘e Lijte yn ‘e Pikmar by Grou is faai troch it hege wetter. Boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim hat besletten en lit it eilân ûntromje. Dat hat Baas tongersdeitemiddei op in parsekonferinsje meidield. Op it eilân sit kampearterrein Yn ‘e Lijte. Boppedat steane der tsientallen wenhûzen en in stikmannich boerepleatsen.
Omdat it eilân De Burd allinne fia Yn ‘e Lijte te berikken is, ret de gemeente de 26 bewenners fan De Burd ek oan om harren hûzen te ferlitten. De ûntromming is net ferplichte, mar de gemeente warskôget dat it nedich wurde kin dat de tafier fan gas en wetter nei de beide eilannen ôfsletten wurdt.
UPDATE 18.48: Op De Burd is in dyk trochbrutsen. Klik hjir foar mear ynformaasje.
Ek sjen:
- ME’ers beweitsje Grouster eilannen GROU – De Mobile Ienheid (ME) bewekket fannacht de eilannen...
- Bewenners Grouster eilannen wer thús GROU – De bewenners fan de eilannen De Burd en...
- Grouster eilannen ynearsten ûnfeilich LJOUWERT – De evakuearre bewenners fan eilân De Burd krije...
- Dyktrochbraak op De Burd by Grou GROU – Op it eilân De Burd by Grou is...
- Ynspraakjûnen oer Boarnsterhim GROU – De fraksjes fan D66, FNP en GrienLinks yn...








