Boek oer twongen prostitúsje

tongersdei 19 jannewaris 2012

LJOUWERT – Plysjeman en lanlik ekspert op it mêd fan minskehannel Henk Werson presentearret tongersdei syn boek oer minskehannel en twongen prostitúsje. It hjit De Fatale Fuik. De opbringst giet nei de Veilige Veste fan Fier Fryslân.

Yn in âld plysjeburo yn Ljouwert wurde mei yngong fan april slachtoffers fan minskehannel ûnderbrocht. Oars sieten se op in geheim adres. De húsfesting yn it gebou oan de Aldlânsdyk betsjut in omslach yn de opfang. It wurdt op dit stuit by de tiid brocht.

Plysjeman Henk Werson wurket faak mei Fier Fryslân en fûn derom ek dat de opbringst fan syn boek nei de Veilige Veste moat. Yn syn boek komme alle fasetten fan minskehannel oan de oarder, ek de eigen ûnderfinings. De Veilige Veste wurdt ein april yn gebrûk naam.

(Tekst en foto: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Boek De Smearlappen fergees De smearlappen komme der oan! De bekende roman fan Anne...
  2. 20 tûzen euro feriten LJOUWERT – De achtste edysje fan Ljouwert Culinair hat 20.000...
  3. Moanne fan it Fryske boek 2011 LJOUWERT – It boekemoannegeskink fan 2011 is skreaun troch Hylke...
  4. Sympoasium en boek oer twatalich ûnderwiis ‘Lange oanrin, koarte sprong’ is de titel fan it boek...
  5. Boek oer universiteit fan Frjentsjer FRJENTSJER - Dit jier is it 200 jier lyn dat de...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic