Cor Bosman bliuwt yn de Limburchske Steaten

moandei 16 jannewaris 2012

Cor Bosman

MAASTRICHT – Cor Bosman bliuwt lid fan Provinsjale Steaten fan Limburch. Dat hat de âld-PVV’er moandeitejûn buorkundich makke. Bosman waard ferline wike út ‘e provinsjale PVV-fraksje set, doe’t útlekte dat er syn PvdA-kollega Selçuk Özturk yn in mail oan de oare PVV-Steateleden oantsjut hie as “een stuk uitgekotst halalvlees, gemaakt van Turks varken”.

Bosman seit dat er de Özturk better net misledigje kinnen hie, mar neamt de opskuor tagelyk “een buitenproportionele collectieve verontwaardiging”. Hy is nei Harm Uringa de twadde Limburchske PVV’er dy’t as ienmansfraksje fierder giet yn Provinsjale Steaten

Ek sjen:

  1. Limburchsk PVV-lid út Steatefraksje set MAASTRICHT – PVV-fraksjes lykje op frouljushoazzen: se skuorre nochal faak....
  2. Steaten foar Fryslân Alle fraksjes yn Provinsjale Steaten fan Fryslân wolle dat de...
  3. Steaten: mear ynfo haadstêdplan LJOUWERT – It plan fan it provinsjebestjoer om Fryslân yn...
  4. Theo Bovens Komsaris fan Limburch MAASTRICHT – Provinsjale Steaten fan Nederlânsk Limburch hawwe it regear...
  5. Minder eksekúsjes Feriene Steaten It tal eksekúsjes yn de Feriene Steaten is yn 2010...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic