Davis earste op 1000 meter

snein 22 jannewaris 2012

SALT LAKE CITY – Sjoerd de Vries helle yn Salt Lake City op de 1000 meter by de wrâldbeker hast in sekonde fan syn bêste tiid ôf. Mei in nije persoanlike toptiid fan 1.07.74 waard de Twellingeaster fjirde. Shani Davis wie de rapste yn 1.07.20, foar Denny Morrison yn 1.07.39 en Stefan Groothuis 1.07.45.

By de froulju gong de winst op de 1000 meter nei Christine Nesbitt yn 1.13.36, in baanrekôr. Ireen Wüst waard tredde yn 1.14.51. Marrit Leenstra ried mei in drege krusing dochs in persoanlik rekôr. Mei har 1.14.88 waard se sechsde.

(Tekst: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Gjin Frysk goud op 1000 meter IT HEARRENFEAN – Ireen Wüst is sneintemiddei twadde wurden op...
  2. Persoanlike rekôrs yn Salt Lake City SALT LAKE CITY – Thijsje Oenema hat op de twadde...
  3. Tuitert tredde yn Salt Lake City SALT LAKE CITY – Mark Tuitert hat freed in brûnzene...
  4. Rekôrtiid foar Jan Smeekens SALT LAKE CITY – Jan Smeekens hat by de wrâldbekerwedstriden...
  5. Stefan Groothuis wrâldkampioen sprint CALGARY – Stefan Groothuis hat mei in fenomenale 1000 meter...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic