De Braboneger fûteret yn it Brabânsk

freed 20 jannewaris 2012

Yn Noard-Brabân is de Braboneger sûnt in pear moanne in fenomeen. De Braboneger is Steven Brunswijk, berne yn Suriname en grut wurden yn it Brabânske lân. Brunswijk praat floeiend Brabânsk en hat in pear monologen en petearen mei syn broer yn ‘e auto opnimme litten. De filmkes hat op er op syn webstee set. Brunswijk seit dat er him yn de filmkes foardocht as in “neger met de VOC-mentaliteit die met een Brabants accent de waarheid zegt”. Neffens Brunswijk is it mar wat ôfwaaid praat, mar de Brabanners fine syn gefûter geweldich. En GeenStijl, PowNews en sels NRC Handelsblad hawwe him ûntdutsen en litte him oan it wurd oer fan alles en noch wat. Want, sa seit de presintator fan PowNews: “Hij heeft een zachte g en overal een mening over.”

Brunswijk is ferkeaper fan alaarmsystemen. Troch alle drokte om syn rol as Braboneger hinne is er lykwols al in pear wiken besteld mei optredens yn ‘e media. Hjoed wurdt op Radio 3FM sels in cd fan him presintearre, mei dêrop in ferske dat er sjongt mei presintatrise Jojanneke. Der wurdt meikoarten noch in fideoklip by opnommen.

Ek sjen:

  1. In Brabânsk aksint is seksy Nederlânske manlju fine in Brabânsk aksint it oantreklikst. Dat docht bliken...
  2. Ferkearsplenning op syn Brabânsk RIJEN – Friezen binne echt wier tûker as Brabanners. Wa’t...
  3. Bouterse wol mei Brunswijk PARAMARIBO – Ald-diktator Desi Bouterse fan Suriname wol in regear...
  4. Amsterdam moat Suriname jild jaan Ald-junglekommandolieder yn Suriname, Ronnie Brunswijk, dy’t wilens diel útmakket fan...
  5. Hoe prate jo gewoan yn meartalich Nederlân? AMSTERDAM – Nije wike ferskynt it boek Eigen en vreemd, meertaligheid...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic