De grutte fodzemuorre

tiisdei 17 jannewaris 2012

BRIGHTON – De Britske keunstner Jamie McCartney hat in tige bysûndere útstalling yn syn atelier yn Brighton. Wa’t deryn komt, sjocht alderearst grutte listen mei in wite ynhâld oan ‘e muorren hingjen. Dat wite is gips. Wa’t tichterby komt, sjocht dat it wyt bestiet út hûnderten ôfjitsels fan fodzen. McCartney hat fan mei-inoar fjouwerhûndert froulju de foarm fan ‘e teare dielen oerbrocht op keunststof. Dat brûkte er as mal foar in gipsen kopy fan ‘e froulju har ûnderliif.

McCartney neamt syn útstalling ‘the Great Wall of Vagina’ (de grutte fodzemuorre), in knypeach nei ‘the Great Wall of China’ (de Sineeske muorre). Mei de útstalling wol er demonstrearje tsjin de moade fan ‘e “skamlipkorreksje”. McCartney: “Ik wol sjen litte hoe’t echte froulju derút sjogge. Dy operaasjes binne yn myn eagen ferminking fan ‘e geslachtsdielen. Ik tink dat froulju troch de pornoyndustry in nuver idee krije oer wat gewoan wêze soe.” Om foar te kommen dat syn wurk pornografysk wurdt, hat er derfoar keazen om allinne mei wyt gips te wurkjen.

Hjirûnder stiet in lytse fotoreportaazje oer McCartney syn wurk. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Ek sjen:

  1. Bysûnder brief fan The Beatles fûn LONDEN – Koart foardat The Beatles foar it earst bûten...
  2. Körperwelten yn Berlyn BERLYN – Yn Berlyn is fan hjoed ôf in folslein...
  3. 8 desimber: John Lennon 31 jier ferlyn fermoarde It is hjoed ienentritich jier ferlyn dat eks-Beatle John Lennon...
  4. Grutte keunstrôf yn Parys PARYS – By in ynbraak yn it Musée national d’Art...
  5. Grutte Moskee noch grutter Saûdy-Arabië is begûn mei de grutste útwreiding fan it meast...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic