Dêr is it lânsdiel wer
woansdei 18 jannewaris 2012
Lykas de seizoenen elkoar ôfwikselje sa dûkt regelmjittich it lânsdielferhaal wer op. No mient de VVD-deputearre Mark Boumans wer dat hy mei skerpe arguminten komt: skaalfergrutting is goedkeaper en in gruttere skaal jout mear macht. Bewiis foar dy stellings is net nedich. Jo binne in kloat as jo dat noch net troch ha. Hy wiist der op dat it bedriuwslibben en oare ynstânsjes de provinsjes al foargien binne. Wat de gefolgen dêrfan binne wie te lêzen yn it desimbernûmer fan de FYK-ljepper, it blêd fan Fyk. Dêr skriuw Eelke Kuipers oer syn ûnderfinings bûten de provinsje mei de fusearre KfK:
“At jo bûten de provinsje wurkje en in diel Frysktalige kollega’s en in diel… no litte we sizze Grinstalige kollega’s hawwe en sels Drinten, dan kin it foarkomme dat de oar it net ferstiet at jo Frysk praten bliuwe.
Wat is it gefal? Yn jannewaris is myn ôfdieling fan de Keamer fan Keaphannel fan Ljouwert nei Grins ferhuze. Ik belâne op in ôfdieling mei kollega’s út Meppel en guon dy’t al yn Grins sieten. Mei njoggen fan de tsien prate ik yn Ljouwert Frysk, en sûnt ik yn Grins wurkje doch ik dat noch. Ferskate ‘nije kollega’s’ binne nijsgjirrich nei betsjuttingen fan wurden en siswizen. Fersteane hja it net, en is it yn it belang fan it wurk, dan gean ik altyd oer op it Nederlânsk. Ik siet der lykwols op te wachtsjen dat Frysk ‘protteljen’ net mear tastien is…
En ja hear, we krigen in mail dat de fiertaal op de ôfdieling fan dat momint ôf Nederlânsk is. Der soenen in oantal kollega’s lêst fan it Frysk hawwe, mar oant de dei fan hjoed wit ik net wa’t dat binne. Nei de komst fan it mailtsje bin ik gewoan Frysk praten bleaun. Wat moatte je ek mei minsken dy’t anonym bliuwe wolle, mar dochs Frysk net lije kinne. Miskien skruten of jaloersk dat se allinnich Nederlânsk prate? Gjin soargen soe ús Hester sizze, ientaligens is te ferhelpen!
Dochs wie der in pear wiken lyn in soart wraakaksje op tou set troch de kollega’s dy’t san hekel hawwe oan it Frysk. Tsjinoer ús kantoar wie op dat stuit in sakebeurs foar Grinzer, Fryske en Noard-Dútske ûndernimmers. De flaggen hongen netsjes foar de yngong. In dei letter wienen der noch twa fan de trije flaggen oer. Jaja, de Fryske wie fuort!
Wraakaksje slagge soenen je sizze, mar is de flagge no stellen troch ien fan myn kollega’s, of wienen it dochs fuotbalsupporters fan FC Grins dy’t de 3-0 nederlaach op it Hearrenfean net ferkroppe koenen?”
Kommentaar is oerstallich. JvdB
Ek sjen:
- PVV wol gjin noardlik lânsdiel In noardlik lânsdiel dêr’t de provinsjes Fryslân, Drinte en Grinslân...
- D66 wol dochs in noardlik lânsdiel? Op 14 desimber hat der in diskusje west yn de...
- Fryske plysje helpt yn Grins GRINS – Sa’n tritich Fryske plysjeminsken foelen woansdei yn by...
- Nederlanners beweitsje Grykske grins Fjirtjin Nederlânske marsjesees en twa Rotterdammer wetterplysjes sette fan ‘e...
- Grinslanners oan it Frysk “Jo binne net ta antwurdzjen ferplichte, mar jo moatte der...









mbc84
18 jannewaris 2012 22:33
Litte wy it lêste mar hoopje, bin benaud dat it it earste is… Ik hoopje dat de hearen politisy dit hearre, dit krije je fan ‘e skealfergrutting. Lit my no ek efkes in sin út it stikje dat ferskynde op ‘e Grinzer omrop, RTV-Noord: (side leit derút :-S) Afin, der stie in sin dêr’t yn stie : ‘de Friezen’. En hja moasten net benaud wêze want kulturele ûnôfhinklikens is wat oars as bestjoerlike ûnôfhinklikens. It is om je te besauwen, wat mient dat guod wol net? Myn ûnderfining is dat men oer it generaal fynt dat Friezen net jammerje moatte en harren no einliks ris oanpasse moatte (WAT???). Wy wurde suver negearre, se lûke harren neat fan ús oan en sette ús foar skut at it heal kin. En dan hawwe je fan dy sloege Friezen dy’t fuortendaliks dogge wat harren sein wurdt. Fryslân yn dit gehiel moat moai selsstannich bliuwe en syn eigen ynstitúsjes hâlde sa’t wy yn ús eigen taal en lân ús betsjinje kinne fan ‘e Fryske taal, dêr hawwe wy dochs rjocht op? Help DS, wurd wekker!!!!
mbc84
18 jannewaris 2012 22:38
lês no krekt op omropfryslân.nl dat deputearre Tineke Schokker “No way” seit
Mar der moat wat feroarje. Nederlân feroaret. Der wurdt praten oer in lânsdiel Randstad, Grinslân en Drinte sille nei alle gedachten sûnder Fryslân fusearje. It wurdt dan al tiid dat Fryslân him dan fersterket, wy moatte mear foech krije om gruttere slachkrêft te krijen!! Tineke Schokker, tinkst hjir ek by stil?
Johannes
18 jannewaris 2012 23:04
Litte wy lyk gearwurkje ek mei Noard- en Sud-Hollanners en Seelân. Dan hawwe ek it âlde Fryslân werom. Dat liket mei folle better ta. Binne Grinzers sunich wurden, ik kin it my net yntinke. Die Grinzers kinne net iens harren wetter behearskje. Hoe soenen wy mei harren yn ien Provinsje gearwurkje? Earst moat it goedkeaper, dan wurdt it Frysk ek ferbean, te djoer. Dan moatte de Alvestêdetochten oer de stêd Grins rinne. Alle winst-jouwend wurk giet dan nei Grinslân. It Frysk giet dan noch fierder yn ‘e nederklits. Noch net ien fan de oare Provinsjes binne mei-inoar gearwurkjen gien, moatte wy dan it earst dwaan!? Ik tink fan net. Salang it om macht tinken giet, moatte wy nea mei dwaan.
mbc84
18 jannewaris 2012 23:11
Op de geijkte vraag of hij verwacht dat ‘de Friezen’ met een fusie zullen instemmen, zegt hij: “culturele identiteit is niet hetzelfde als bestuurlijke identiteit”.
Dit wie it der stie op RTV-Noord.nl. Mei Noard-Hollân en Súd-Hollân fierder? Hahaha, hâld dochs op. Dêr hawwe se ek neat op mei ús… Wy moatte it moai by ús sels hâlde yn earsten en freegje om mear ûnôfhinklikens! De boel wat mear sels regelje, eigen ynkomsten, definsje en bûtenlânske saken yn earsten noch by De Haach.
Erwin2.0
19 jannewaris 2012 07:42
De minsken út Grinslân hawwe harren Fryske siel oan ‘e Nederlânske duvel ferkocht.
J"88
19 jannewaris 2012 15:24
It is wat myn rinkelbel, mar in lândiel Noard mei der nea komme! Ik wol nochris ferwize nei Artikel 5 fan it ‘Ramtferdrach foar it hoedzjen fan nasjonale minderheden’. Hjiryn stiet:
1.The Parties undertake to promote the conditions necessary for persons belonging to national minorities to maintain and develop their culture, and to preserve the essential elements of their identity, namely their religion, language, traditions and cultural heritage.
2.Without prejudice to measures taken in pursuance of their general integration policy, the Parties shall refrain from policies or practices aimed at assimilation of persons belonging to national minorities against their will and shall protect these persons from any action aimed at such assimilation.
Sybren
19 jannewaris 2012 23:49
Ik haw noch nea in evaluaasje sjoen fan bestjoerlike skaalfergrutting, litte we earst mar ris bewizen freegje foar dit soarte fan stellingen.
Geeske Krol
20 jannewaris 2012 20:08
Tweintich jier lyn wie der ek in geweldige oantrún te fusearjen ta in lânsdiel.Krektlyk as no foaral fan út Grinslân. Doe moast it sanedich fanwege Europa. Oars hiene wy der neat yn te bringen.In lid fan it Europeeske Parlemint dy’t hjir te sprekken kaam makke ús dúdlik dat wy dêrom net hoegden te fusearjen. Sa rûnen en rinne de hazzen yn Brussel no ienris net. Guon woe it hast noch net oan sa grut wie it leauwen yn grut,grutter grutst. In reis nei Straatsburg yfm it Komittee fan de Regio’s fan de Fryske fraksjefoarsitters en deputearre Brandenburg levere de selde útkomst op.Ik sjoch se noch stean de deputearren fan Grinslân en Drinte foarop yn de ferwachting dat de belutsen EP leden it alhiel mei harren iens wêze soenen dat der in fúzje fan de trije provinsjes komme moast om wat yn Europa te berikken. Mar ek dizze EP leden seagen de needsaak der net fan yn.In tsjinfaller. En no hiene se gjin middel om dy tsjinakseljende Friezen te plak te setten.
Nanne
20 jannewaris 2012 21:43
Op it nivo fan gemeenten is der al bewiis dat bestjoerlike skaalfergrutting just earslings wurket en ta hegere kosten laat. Sjoch: http://itnijs.nl/2010/06/gearfoeging-gemeenten-begrutlik/?mc=.
Johannes Annema
24 jannewaris 2012 09:17
Ik wol graach reagearje op Erwin2.0 syn fermoeden:
“”De minsken út Grinslân hawwe harren Fryske siel oan ‘e Nederlânske duvel ferkocht.”"
Neffens my prate wy hjir oer in fariant op it Stockholm-syndroom.
No binne it net allinnich Grinslanners dy’t hjir lêst fan hawwe.
Ik sjoch dat yn Fryslân ek wol.
Bynammen yn Drachten binne Frysktaligen die harren oanstelle en prate Hollânsk. (ek in fariant op it Stockholm-syndroom)
Mar no efkes to the point.
Efkes weromkomme op it lânsdiel.
It is ienfâldich:
As Fryslân gjin selsstannige provinsje bliuwt, dan is it dien mei de Fryske identiteit en Fryske taal.
Wy moatte ús hjir mei alle macht en middelen tsjin fersette.
Punt.
Myconius
24 jannewaris 2012 15:17
Het opheffen van Friesland kan door de Staten met een rechtsgang tegengehouden worden; Europese verdragen verbieden dit namelijk te doen zonder toestemming van het Friese volk en/of haar vertegenwoordigers..
Hier zit ook een risico; de Staten worden bevolkt door min of meer dezelfde partijen al de Tweede Kamer, en de politicus die een dergelijke rechtsgang goedkeurt kan zijn (nationale) politieke carrière wel vergeten.
Atte Houtsma
1 febrewaris 2012 15:46
Der is een soart gas foun yn Fryslan, dit moate wy bruke om ta greatere autonomy to kommen lyk as de Skotten, en net een skamele 10% moar minstens 50%, dan kinnen wy de trein fan Grins via Drachten nei it Fean anlizze. Mar earst mear auronomy as earste step nei wat de Aurichgruppe foarstelt een Fryslan fan West Fryslanb nei Noard Fryslan ta. Mei Bremen en Hamburg erbij en de sted Grins nei Drinthe.