Di Rupo kiest De Haach foar earste besite
woansdei 11 jannewaris 2012
BRUSSEL – Elio di Rupo, de nije Belgyske premier, bringt nije wike woansdei in besite oan syn Nederlânske kollega Mark Rutte yn De Haach. It is Di Rupo syn earste offisjele bûtenlânske besite. It is tradysje dat de premier fan België op syn earste offisjele besite nei Nederlân giet, mar Frânsktalige premiers binne dêr wolris fan ôfwykt en giene earst nei Parys ta. Di Rupo syn besite wurdt dêrom yn België wol sjoen as in teken fan goede wil, krekt lykas Di Rupo syn krewearjen om de parse yn it Nederlânsk te wurd te stean.
Di Rupo is net allinne de earste Frânsktalige premier fan België sûnt 1979, hy is ek de earste homoseksuele Belgyske premier en de earste allochtoane Belgyske premier. De âlden fan Di Rupo wiene Italiaanske gastarbeiders.
Di Rupo reizget nije wike út De Haach wei troch nei Lúksemburch foar in earste besite oan premier Jean-Claude Juncker. De wyks dêrop praat er mei de Dútske bûnskânselier Angela Merkel.
Ek sjen:
- It Nederlânsk fan Elio di Rupo: legotaal Elio di Rupo is de wierskynlike nije premier fan België....
- Di Rupo wol better Nederlânsk leare De Belgyske formateur en takomstich premier fan it Belzelân Elio...
- Di Rupo praat en beriedt him BRUSSEL – Elio di Rupo praat hjoed en moarn mei...
- Di Rupo wol no echt in Belgysk regear LAKEN – Formateur Elio di Rupo hat de Belgyske kening...
- Flaanderen stimt tsjin België BRUSSEL – De Nieuw-Vlaamse Alliantie (N-VA) fan Bart de Wever...









Erwin2.0
11 jannewaris 2012 17:50
Hy hie likegoed nei Itaalje ta kind foar syn earste besite. Nije tradysje!