Dick Eisma ferstoarn

woansdei 4 jannewaris 2012

Dick Eisma

ALDEHASKE – Dick Eisma is freed ferstoarn. De Fryske skriuwer, oersetter en lesjouwer wie al in skoft siik. Eisma is santich jier wurden.

Eisma hat jierrenlang foar de klas stien en kursussen Frysk jûn foar de Afûk. Hy skreau foar de Afûk ferskate lesboeken, mei as bekendste it boekje Tiidwurden. Hy skreau fierders de sprekwurdsamlings It is mei sizzen net te dwaan, Dat kin de brune net lûke en In lyk man is in ryk man. Boppedat hat er romans fan ûnder oaren Theun de Vries yn it Frysk oerset en wie er tritich jier lang skriuwer en skathâlder fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).

Dick Eisma wurdt hjoed te hôf brocht.

Ek sjen:

  1. Harmen Wind ferstoarn DOESBURG – Skriuwer Harmen Wind is ferstoarn. Wind skreau poëzij...
  2. Trinus Riemersma ferstoarn FRJENTSJER – Skriuwer Trinus Riemersma is tiisdeitejûn let ferstoarn. Hy...
  3. Martin Gardner ferstoarn NORMAN – De Amerikaanske skriuwer, wiskundige en filosoof Martin Gardner...
  4. F. Springer ferstoarn DE HAACH – Skriuwer F. Springer is fannacht yn syn...
  5. Skriuwer Heere Heeresma ferstoarn LAREN – De bekende Nederlânske skriuwer Heere Heeresma is sneintemoarn...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic