Drachtster Iris Kroes wint Voice of Holland
sneon 21 jannewaris 2012
Iris Kroes
De 19-jierrige Iris Kroes út Drachten is de winnares fan The Voice of Holland. Se wûn it yn de spannende finale fan Chris Hordijk mei 51 persint fan de stimmen.
Yn de ferskate tuskenstannen stie Iris ek hieltyd op nûmer 1.
It earste nûmer dat Iris yn de finale die, wie ‘Skinny love’ dat se song mei de jonge Britse sjongeres Birdy.
As solonûmer hat se keazen foar ‘someone like you’ fan Adèle. Dat song se ek by de blind auditions fan it programma. Ek freedtejûn begelate se harsels op de harp. Mei dat ynstrumint makke se in soad yndruk op de sjuery. Sjueryleden Nick en Simon joegen Iris foar har optreden in 8,5. De minsken thús hiene trochinoar in 8,3 foar it optreden oer.
Coach Marco Borsato sei dat hy djip rekke wie troch har optreden en dat se sûnt de earste audysje groeid is yn har performance.
(Tekst en foto: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- EK: Ingelân wint muorrekeatsen VALENCIA – Ingelân hat syn earste oerwinning op it Europeesk...
- Mear as de helte sjocht The Voice John de Mol is bliid. It merkoandiel fan RTL4 wie...
- EK: Spanje wint ek lokaal spul VALENCIA – Spanje hat ek de twadde rige wedstriden op...
- Dom fan Sjinkie, no wint Bastille DOARDT – Shorttracker Sjinkie Knegt hat op knoffelige wize de...
- FC Twente wint KNVB-beker AMSTERDAM – FC Twente hat de KNVB-beker wûn. Yn in...








