Dyktrochbraak op De Burd by Grou
tongersdei 5 jannewaris 2012GROU – Op it eilân De Burd by Grou is tongersdeitejûn om 18.15 hinne in dyk trochbrutsen. Der sit in gat fan sa’n 200 meter yn ‘e dyk en it wetter streamt oer it eilân. De gemeente Boarnsterhim docht in driuwend berop op ‘e bewenners om it eilân te ferlitten. Neffens Wetterskip Fryslân rint it eilân fannacht fol en komt der yn ‘e rin fan freed sa’n meter oant oardel meter wetter op te stean. Mooglik wurde gas en elektrysk fannacht ôfsletten. De gemeente besiket om in slim sike man dy’t yn syn hûs oan medyske apparatuer leit mei in sikewein op ‘e fêstewâl te krijen.
Ek sjen:
- Boarnsterhim ûntrommet Grouster eilannen GROU – It eilân Yn ‘e Lijte yn ‘e Pikmar...
- ME’ers beweitsje Grouster eilannen GROU – De Mobile Ienheid (ME) bewekket fannacht de eilannen...
- Grou wint earste skûtsjekamp Op in grau thúswetter wûn Grou de iepeningswedstriid fan it...
- Sint Piter komt yn Grou oan GROU – Sint Piter is sneon yn Grou oankaam. Hy...
- Feestlike fiering yn Grou Sneintemiddei 19 desimber sil yn de Sint Pitertsjerke fan Grou...








