Elske DeWall sjongt foar Moordvrouw

tiisdei 17 jannewaris 2012

LJOUWERT – De titelsong fan de nije misdiedsearje Moordvrouw fan RTL4 wurdt songen troch sjongeres Elske DeWall út Ljouwert. De searje mei Thijs Römer en Wendy van Dijk yn de haadrol spilet him ôf yn Fryslân. De regisseur woe dêrom perfoarst in Fryske artyst hawwe foar de titelsong. It nûmer hjit This Game en is twa jier lyn al skreaun troch DeWall.

Earder song DeWall ek al de titelsong foar de film Alle Tijd. Freed is Moordvrouw foar it earst te sjen op televyzje.

(Tekst en foto: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Soad sjoggers foar Moordvrouw LJOUWERT – De earste ôflevering fan it nije TV-programma Moordvrouw...
  2. Opnamen ‘Moordvrouw’ opskood No’t tv-presintatrise Wendy van Dijk in poppe ferwachtet, kinne de...
  3. Opnamen Moordvrouw yn Swichum SWICHUM – De opnamen foar de televyzjesearje Moordvrouw binne woansdei...
  4. It Hollânske Fryslân fan Moordvrouw Nei in suksesfolle earste ôflevering nimt de krityk op de...
  5. Elske de Wall, stjer? It giet goed mei Elske de Wall. De stjer fan...

1 reaksje op “Elske DeWall sjongt foar Moordvrouw”


  1. Ans Bosma
    17 jannewaris 2012 23:52

    Om grutsk op te wizen.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic