Epke Zonderland mei nei de Spullen ta

woansdei 11 jannewaris 2012

Turner Epke Zonderland is tige ferromme, neidat er him definityf kwalifisearre hat foar de Olympyske Spullen. De Lemster moast oant tiisdeitejûn let wachtsje, om’t in protte turners nei him noch yn aksje kamen.

Zonderland hoecht no allinnich noch mar foarmbehâld te toanen om hielendal wis te wêzen fan de Spullen. Hy moat dêrfoar in skoare fan 14.800 of heger delsette by in wrâldbekerwedstriid of it Europeesk kampioenskip. Neffens Zonderland foarmet dat lykwols gjin bedriging mear foar him.

(Boarne: Omrop Fryslân)

 

Ek sjen:

  1. Epke Zonderland lit foarmbehâld sjen LONDEN – Turner Epke Zonderland hat by it Olympysk Testevent...
  2. Zonderland mei (jit) net nei Olympyske Spullen TOKIO – It is Epke Zonderland sneintemoarn net slagge om...
  3. Sulver foar Epke Zonderland ROTTERDAM – Lemster Epke Zonderland is snein by it wrâldkampioenskip...
  4. Epke Zonderland sportman fan it jier LJOUWERT – Turner Epke Zonderland is moandeitejûn keazen ta sportman...
  5. Epke Zonderland nei WK yn Japan LJOUWERT – Epke Zonderland kin snein 16 oktober meidwaan oan...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic