Farferbod yn Grinslân

woansdei 4 jannewaris 2012

GRINS – Om it hege wetter en de nuodlike waarsferwachting hat de provinsje Grinslân op njoggen kanalen in farferbod ôfkundige. It ferbod giet hjoed, woansdei 4 jannewaris, om 22.00 yn en duorret oant de provinsje it wer opheft. De neikommende kanalen binne ferbean terrein: it Van Starkenborghkanaal,  it Iemskanaal, it Skoatterdjip, de Rensel, it A.G. Wildervanckkanaal, it Noard-Willemskanaal, it Reiddjip, it Hoendjip en it Aduarderdjip.

(Foto fan it Hoendjip: Wikipedia / Kevster)

Ek sjen:

  1. Farferbod opheft LJOUWERT – It farferbod yn de provinsje is moandeitemoarn opheft...
  2. Mear evakuaasjes yn Grinslân GRINS – De provinsje Grinslân hâldt noch hieltiten rekken mei...
  3. Frysk farferbod opheft LJOUWERT – De lêste farferboaden op Fryske wetters binne moandei...
  4. Provinsje Fryslân stelt algemien farferbod yn LJOUWERT – Fanwegen it hege wetter hat it provinsjebestjoer op...
  5. Farferbod foar in part opheft LJOUWERT – Mei yngong fan hjoed tiisdei 4 jannewaris is...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic