Ferljochting provinsjale diken stik goedkeaper

tongersdei 12 jannewaris 2012

LJOUWERT – De provinsjale diken wurde tenei ferljochte mei ledlampen. De provinsje ferfangt fan healwei dit jier ôf de ferljochting. Mei de ledlampen wurdt it enerzjyferbrûk mei de helte werombrocht. It giet om 50.000 euro. Dêrneist wurdt ek noch besparre troch in tal lampen fuort te heljen. Dat wurdt dien yn oerlis mei de omwenners. De provinsje hat hast 6.000 lantearnepeallen oan de diken. It ferfangen fan de ferljochting kostet 2,5 miljoen euro.

(Tekst: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Limburger diken binne min MAASTRICHT – De diken dy’t Limburch tsjin de Maas beskermje...
  2. Gefaarlike diken Yn Fryslân binne de diken hjoed net sa bêst. Rûnom...
  3. Provinsjale amtners fuort LJOUWERT – De provinsje moat tige besunigje op syn amtlike...
  4. Provinsjale direksje lytser LJOUWERT – De direksje fan de provinsje Fryslân bestiet sûnt...
  5. Fryske huzen lyts bytsje goedkeaper LJOUWERT – De priis fan huzen yn Fryslân is ridlik...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic