Twa ferskillende g-lûden

sneon 14 jannewaris 2012

Hollanners en Friezen sprekke ’80’ op krekt deselde wize út, mar yn letters skriuwe se it ferskillend: tachtig en tachtich. Kinne wy dan sizze dat de iene taal it goed docht en de oare ferkeard? Nee, by it fêststellen fan staveringsregels kinne ferskillende arguminten meispylje. Dêr kin ferskillend oer tocht wurde. Hokfoar ferskillende arguminten soenen meispile hawwe?

boarne: www.taalbaas.blogspot.com

Ek sjen:

  1. Barchjes kinne bargje  In lytse baarch is in barchje. Dêrnjonken bestiet it tiidwurd...
  2. Tsjalfstadion? De namme Thialf is foaral bekend fan it Thialf-stadion. De...
  3. It Suderleech? Grinslân, Drinte, Lelystêd, Utert – der binne om utens genôch...
  4. Wlixibama: Frysk foar Lissabon De Portugeeske haadstêd Lissabon hiet yn midsieusk Frysk Wlixibama. De...
  5. It pompeblêd ôfskaffe? Op Fryske produkten sjocht men gauris it reade pompeblêd. It...

2 reaksjes op “Twa ferskillende g-lûden”


  1. Erwin2.0
    15 jannewaris 2012 11:23

    De Nederlânske G is ferskriklik en mei yn it Frysk noait oan it begjin fan in wurd komme te stean. Dat is it iennichste wat foar my fan belang is.


  2. H.
    15 jannewaris 2012 14:17

    @Erwin: Dochs is dat skraberige lûd it âldste. It Nederlânsk hat dat beholden, wylst it yn it Frysk, Dútsk en Ingelsk feroare is yn de hjoeddeiske plofklank. Aldere sprekkers fan it Sealterfrysk brûke it âlde bylûd faak noch wol, sy sprekke it wurd “groot” (grut) op de ‘Hollânske’ manier út.

    Yn it suden fan Westerlauwersk Fryslân is ek in lyts gebiet dat de ‘Hollânske’ útspraak fan de ‘g’ oan it begjin fan in wurd hat. De fraach is oft dy útspraak dêr altyd bestien bleaun is. It is like goed mooglik dat dy ûnder ynfloed fan it Stellingwerfsk opkaam is.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic