Flaamske ministers wolle in leger salaris

tiisdei 10 jannewaris 2012

Kris Peeters

BRUSSEL – De Flaamske ministers moatte harsels in leansferleging jaan. Dat hat de Flaamske minister-presidint Kris Peeters sein. Flaanderen moat op syn minst 200 miljoen euro besunigje. Peeters is fan betinken dat de Flaamske ministers yn ekonomysk wat mindere tiden it goede foarbyld jaan moatte. De Flaamske ministers fertsjinje no al minder as de Waalske en de Belgyske.

Peeters folget it foarbyld fan de Belgyske kening Albert, dy’t oankundige hat dat er de kommende twa jier ôfsjocht fan syn fêste, wetlike salarisferheging. It sintrale Belgyske regear kaam dizze wike swier ûnder fjoer te lizzen yn ‘e Belgyske media, mei’t de nije ministers harren salaris ferhege hawwe fan 220 tûzen nei 238 tûzen euro yn it jier, wylst yn it regearakkoart ôfpraat wie dat se just 5% ynleverje soene. Benammen

Ek sjen:

  1. Belgyske Keamerleden ferleegje eigen salaris BRUSSEL – Nei de Belgyske kening en de Flaamske en...
  2. It Nederlânsk fan de nije Belgyske ministers De Flaamske ynternetkrante Nieuwsblad.be is ris neigien hoe goed oft de nije...
  3. Martin Buxant: Waal yn Flaamske tsjinst De Flaamske krante De Morgen hat in Frânsktalige topsjoernalist yn...
  4. Kilometerheffing yn Flaanderen BRUSSEL – Flaanderen fiert om 2013 hinne in kilometerheffing foar...
  5. Flaamske militêr twataliger as Waalske BRUSSEL – De measte Belgyske militêren dy’t in taslach krije...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic