Fleur Agema: LC is Fryske Pravda

freed 20 jannewaris 2012

Jelle Hiemstra

Steatelid Jelle Hiemstra is om ferskate redenen út de PVV stapt. It gie him net allinne om it islamstânpunt fan de partij, mar ek om de ynterne kultuer. De Keamerleden yn De Haach hawwe him ferskate kearen tige ûnder druk set. Dat seit Hiemstra hjoed yn NRC Next. Hy beskriuwt de manier fan dwaan fan de Keamerleden foar de provinsjale en gemeentlike politisy oer as yntimidearjend. Krityk op Wilders soe taboe wêze en Hiemstra soe gjin begryp krigen hawwe doe’t er yn syn hûs troch ûnbekenden tamtearre waard.

Neffens Hiemstra hat de Haachske fraksje him dúdlik te ferstean jûn dat er it oer de islam hawwe moast. Yn De Haach wiene se der neffens Hiemstra ek net oer te sprekken dat Hiemstra gearwurkje woe mei de PvdA. Hy seit fierders dat er fan Fleur Agema net prate mocht mei sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante. Neffens har soe dy krante de “Pravda van Friesland” wêze.

Hiemstra sit no ûnder de namme Fryske Koerts as ienmansfraksje yn Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Ek sjen:

  1. PVV’er Hiemstra hat syn nocht LJOUWERT – De PVV yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân...
  2. Wer in PVV’er jout it oer DE HAACH – PVV’er Harm Beertema stapt út Provinsjale Steaten...
  3. Fryske soargen oer soarch LJOUWERT – De foarnommen besunigings fan in nij kabinet binne...
  4. V.d. Galiën ferfangt Hiemstra LJOUWERT – Jelle Hiemstra foarmet tenei in ienmansfraksje yn Provinsjale...
  5. Steatelid Jelle Hiemstra kriget bruien SNITS – Steatelid Jelle Hiemstra fan de PVV is moandeitejûn...

4 reaksjes op “Fleur Agema: LC is Fryske Pravda”


  1. pb
    20 jannewaris 2012 21:40

    LOL!!!
    en wie is Hans Sneider don Lenin?
    PVV doge jo wol???


  2. De Pravda van Fryslân | Krapuul.nl
    21 jannewaris 2012 10:00

    [...] Lees hier het verhaaltje. Het komt er op neer dat Jelle Hiemstra (ex-PVV) niet met de Leeuwarder Courant mocht praten van [...]


  3. blaat
    21 jannewaris 2012 12:10

    PVV is wer op syn pvv’st. wat in soksesen…..

    je sil der mar op stimt ha, dan skammest dy dochs…


  4. De Pravda van Fryslân
    28 febrewaris 2012 02:11

    [...] Lees hier het verhaaltje. Het komt er op neer dat Jelle Hiemstra (ex-PVV) niet met de Leeuwarder Courant mocht praten van [...]

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic