Provinsje Fryslân stelt algemien farferbod yn

tongersdei 5 jannewaris 2012

LJOUWERT – Fanwegen it hege wetter hat it provinsjebestjoer op alle farwegen yn Fryslân in farferbod ôfkundige. Dat is om 14.00 oere yngien. Omdat de kaaien en diken sa trochweakke binne, kinne se de wetterslach fan de skipfeart net mear oan. Fierders stiet it wetter sa heech dat weagen maklik oer de kaaien slagge.

Omdat it sa hurd waait, wurde de provinsjale brêgen al sûnt tiisdei net mear betsjinne. Grinslân stelde juster in farferbod yn op njoggen kanalen.

(Boarne: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Farferbod opheft LJOUWERT – It farferbod yn de provinsje is moandeitemoarn opheft...
  2. Utwreiding farferbod LJOUWERT – It farferbod wurdt fan woansdeitenacht ôf flink útwreide....
  3. Frysk farferbod opheft LJOUWERT – De lêste farferboaden op Fryske wetters binne moandei...
  4. In soad wetteroerlêst yn Fryslân Troch it hege wetter is de dyk tusken it yndustryterrein...
  5. Farferbod foar in part opheft LJOUWERT – Mei yngong fan hjoed tiisdei 4 jannewaris is...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic