Fryske lietedei

tiisdei 3 jannewaris 2012

Op sneon 18 febrewaris wurdt yn De Arke te Drachten in lietedei organisearre foar kantorijen, mingde koaren, liturgykommisjes, tsjerkmusisy, predikanten en oare belangstellenden.
Fanwege de ferrassend grutte belangstelling foar de eigen taal yn 2011, is besletten dat de dei dit jier alhiel yn it teken stean sil fan nije Fryske lieten.
Ek dit jier organisearret Intrada de lietedei yn oparbeidzjen mei it Friesch Dagblad.

Lokaasje: De Arke, Flevo 161, Drachten
Tiid: 9.15-15.00 oere

Foar mear ynformaasje en oanmelding sjoch bysluten flyer en oanmeldingsformulier.
Of sjoch op: www.intradamusic.nl.
Belje of maile kin ek: 0513-688951 / info@intradamusic.nl

Ek sjen:

  1. Arke fan Noach fûn? Is de Bibel dan dochs gjin fiksje? Net folle minsken...
  2. Fryske tsjerketsjinsten 6 febr. Drachten Grutte Tsjerke, 11.00 o. ds. O. Reitsma, tema: ‘Ingels...
  3. Drachten wurdt in poëzijdoarp DRACHTEN – Yn Drachten komme gedichten te lizzen. In lytse...
  4. Wy litte ús Fryske taal net farre De reboelje fan Kneppelfreed, dy’t ta mear rjochten foar it...
  5. Ferlet fan nije Fryske berneboeken Tiisdei 14 febrewaris fertelt Sigrid Kingma oer de wrâld fan...

1 reaksje op “Fryske lietedei”


  1. Grytsje Kingma
    3 jannewaris 2012 11:17

    Nijsgjirrich!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic