Fryske plaknammen ha wat foar

snein 29 jannewaris 2012

Tsjinstanner fan Fryske plaknammen brûke faak it argumint dat men dan it plak fan bestimming net fine kin as de Fryske nammen de offisjele nammen wurde soene. Mei Hollânske nammen wie dat ferline wike ek it gefal. By de meldkeamer kaam it berjocht binnen dat der in oerfal wie op in supermerk yn Schoonebeek. De saneamde sintralist (de man dy’t de plysjemannen op paad stjoert) liet syn mannen nei Schoonoord ride. Yn it artikel dêr’t de LC hjir melding fan makket litte se ek in listke sjen fan plakken mei deselde namme. Sa is der in plakje yn Drinte en yn Fryslân mei de namme Echten, Noordwolde leit yn Fryslân mar ek yn Grinslân lykas Opende en Winsum om Marrum en Marum en Pieterburen en Pietersbierum mar eefkes te ferjitten. Yn dizze gefallen soene de Fryske nammen in ein meitsje oan alle betizing. It Fryske De Pein is dúdlik wat oars as Opende yn Grinslân. (wy seine altyd Grinzer Pein: dat is ek goed ûnderskiedend). Itselde jildt fansels foar Ychten yn Fryslân en Echten yn Drinte. Foar de beide Winsums smyt dit lykwols neat op en yn Fryslân bliuwe wy oanklaud sitten mei twa Aldegea’s, trije Nessen en twa kear Raard, ek al skriuwe se dat yn Boarnsterhim noch altyd mei “ae”. JvdB

Ek sjen:

  1. Fryske plaknammen Der liket yn’e Súdwesthoeke in komplot te wêzen om noch...
  2. Fryske plaknammen By it gearfoegjen fan gemeenten wurdt no sein dat de...
  3. Steatsrjochtlik ûndersyk plaknammen Wymbrits De FFU skriuwt in brief Drachten, 22-12-2011 Underwerp: steatsrjochtlik ûndersyk...
  4. Gjin stipe foar Frysktaligen GRINS – De provinsje Grinslân mei studinteferiening Bernlef gjin subsydzje...
  5. Gebrûk Fryske taal troch It Fryske Gea Achte bestjoer en direksje,    Fan ferskate kanten is it...

10 reaksjes op “Fryske plaknammen ha wat foar”


  1. Jochum Meester
    29 jannewaris 2012 18:53

    Dit soe in foardiel wêze ja. It is eins ‘Ychten’ trouwens.


  2. Ferjo
    29 jannewaris 2012 19:40

    Dat it plak net mear te finnen is en dat it in protte ekonomyske skea feroarsaakje kin, bin altyd de beswieren.

    Ik sjoch it lykwols net.
    Asto yn Snits wêze moast dan silst it finne. Boppedat soe it feroarjen fan de plaknammen, mar hiel even wat argewaasje jaan. Sadree’t men der oan went is, is it hiel gewoan.

    Dêrom bin it ek net goeie redenen, om de goeie plaknammen net wer werom te bringen yn it strjitbyld.


  3. Daam
    29 jannewaris 2012 23:41

    It is wer in kostlik substraat fan it Frysk. wêr jisterje jo soks noch? Jawis!!! Op bôlekasting ItNijs-puntenel.


  4. Jaap
    30 jannewaris 2012 09:20

    Ik snap net dat Daam dizze side noch iepent as hy der allinne mar lêbich fan wurdt. It moat wol selskastijing wêze.


  5. E-F
    31 jannewaris 2012 00:17

    Hast in minne dei han Daam?
    Ik bin foar fryske plaknammen!


  6. Rob
    2 febrewaris 2012 14:39

    Ìk sjoch it probleem net. Minsken yn De Haach neame de stêd dochs ek Den Haag en net The Hague? Wêrom wurdt der yn Fryslân dochs altyd sa dreech oer dien? Ljouwert klinkt sowieso folle eksotysker as Leeuwarden. Dermei kinne fansels toeristen dy’t yn’e Rânstêd hingjen bliuwe ek nei it noarden lutsen wurde…..


  7. mbc84
    2 febrewaris 2012 16:18

    ik sjoch it probleem ek net, mar it Hollannerguod sjocht de problemen wol……. wolle gewoan net dat it Frysk dan ek mar in bytsje (w)erkenning kriget…


  8. Njirre
    5 febrewaris 2012 19:05

    Ferjit Zurich net! Foar’t jo it witte, sitte jo yn’e Alpen. Wy moatte de Hollậnners ris freegje, of’t se Koufurderrige net oersette kinne. Sa fan “rij huizen bij koeienoversteekplaats”,mar it sil dan wol “Koufortenreiger” wurde.


  9. Bertus Jans Postma
    20 febrewaris 2012 16:16

    Likegoed Stannebuurt en Froubuurt en Stjabuurt en Wolvege en Oosterwoolde en Berkoop ensa. Wat it oare oangiet: oan dommens is gjin salve te striken. Ek net besykje.


  10. Ferdinand
    20 febrewaris 2012 22:14

    Yn it berjocht is d’r sprake fan twa Aldegea’s yn us Provinsje. Neffens my binne dat d’r sels trije, nammentlik yn’e trije (âlde) gemientes: Smellingerlân, Gaesterlân-Sleat en Wymbritseradiel.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic