Fuortslein Skylger strân net wer opspuite
tongersdei 19 jannewaris 2012
SKYLGE – Rykswettersteat sil it strân fan Skylge by peal 7 net breder meitsje. De strânsylferiening fan Skylge hie dêrom frege.
Troch de stoarm fan ferline wike is sa’n soad sân fuortwaaid dat de feriening net langer grutte wedstriden lykas in EK of WK hâlde kin. Dat is foar Rykswettersteat gjin reden om nij sân op te spuitsjen. Der is gjin gefaar foar de feiligens, neffens Rykswettersteat. Boppedat foldocht de breedte fan it strân oan de ôfspraken dy’t mei de gemeente makke binne oer de basiskustline.
Ek sjen:
- Fiif bunder Skylger dunen fuortslein SKYLGE – Der is yn de ôfrûne fjirtjin dagen mei...
- Buiskes mei karbyd op it Skylger strân SKYLGE – Op it strân fan Skylge binne de ôfrûne...
- Foet op Skylger strân AASTEREIN – Op it Noardseestrân fan Skylge is sneon in...
- Lege konteners op strân Skylge SKYLGE – Op Skylge binne op it strân trije konteners...
- Harnzer strân tige skjin HARNS – Harns hat ien fan de skjinste strannen fan...








