Gabrielle Giffords jout sit oer

moandei 23 jannewaris 2012

Gabrielle Giffords

HOUSTON – It Amerikaanske parlemintslid Gabrielle Giffords, dat ferline jier de lytse dea seach nei in oanslach, hat har parlemintssit oerjûn. Dat waard snein buorkundich.  De Demokratyske folksfertsjintwurdichster waard yn it plak Tucson troch de holle sketten doe’t hja foar in winkel stie te praten. It wie wikkerdewik, mar hja libbet noch. Om’t de revalidaasje dreech is, wol frou Giffords ynearsten út ‘e polityk wei.

By de oanslach rekken seis minsken dea en rûnen tsien ferwûnings op. Der is ien fertochte, de 23-jierrige Jared Loughner. Om’t er net mei de holle op ‘e rin is, kin er net berjochte wurde. Hy ferliuwt yn in tbs-klinyk.

Ek sjen:

  1. Gabrielle Giffords yn revalidaasje TUCSON – It Amerikaanske parlemintslid Gabrielle Giffords is út it...
  2. Gabriella Giffords rint wer HOUSTON – De Amerikaanske politika Gabrielle Giffords kin wer rinne...
  3. Update oer sjitterij Tucson (FS) TUCSON – Yn de Amerikaanske stêd Tucson, yn de dielsteat...
  4. Jared Loughner, de Tucson-skutter NEW YORK – De dieder fan de sjitterij yn it...
  5. Fleanmasine jout opskuor WASHINGTON – Yn de Amerikaanske haadstêd Washington wie sneontejûn efkes...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic