Gjin trein nei Leer troch Disneyskip
sneon 21 jannewaris 2012
PAPENBURCH – Der ride fan ‘t wykein gjin treinen tusken Nijeskâns en Leer. De spoarbrêge oer de Iems is nammentlik ferwidere om in ûnbidich grut skip troch te litten: de Disney Fantasy. It ferdivedaasjeskip is boud op ‘e skipshelling de Meyer Werft yn Papenburch. Opdrachtjouwer is de Amerikaanske Walt Disney Company.
De Disney Fantasy hat plak foar fjouwertûzen passazjiers en fyftjinhûndert bemanningsleden. It is mar leafst 340 meter lang en telt fjirtjin ferdjippings. Der is in bulte ferdivedaasje oan board, wêrûnder ferskate teaters, in bioskoop en trije swimbaden. It skip sil aansen brûkt wurde foar boatfakânsjes yn it Karibysk gebiet. Earst wurde der lykwols in pear proeffearten op ‘e Noardsee mei makke en dan wurdt de binnenkant ôftimmere yn Bremerhaven.
De Disney Fantasy wurdt efterstebek troch de Iems sleept. It skip is op dy manier better te stjoeren yn ‘e rivier. De ferwachting is dat it skip sneontejûn de Dollard berikt. De skipsbouwers yn Papenburch woene freed in grut feest jaan ta gelegenheid fan de earste feart fan ‘e Disney Fantasy, mar út meifielen mei de slachtoffers fan de Italiaanske Costa Concordia is dat oergien.

De grutte hal fan 'e Disney Fantasy.
Ek sjen:
- Gjin drinkwetter troch oaljeramp MAASTRICHT – Dielen fan Limburch moatte de drinkwetterreserves oansprekke. Der...
- Skipper: botsing troch heechwetter BURGUM – Net in te hege steapel konteners, mar it...
- Gjin boete troch taalstriid BERGEN – Behyplike taalkennis kin jin jild besparje. Dat hat...
- Disney prestearret better by media It Amerikaanske amusemintskonsern Walt Disney hat yn it lêste fearnsjier...
- Gjin kanker mear troch ekstra gen MADRID – Spaanske wittenskippers hawwe mûzen fokt dy’t gjin kanker...








