Grinslanners wer nei hûs, fee noch net
sneon 7 jannewaris 2012
GRINS – De ynwenners fan it evakuearre gebiet oan it Iemskanaal meie wer nei hûs ta. It giet om minsken út de doarpen Woltersum, Wittewierum, Ten Boer en Ten Post. Hja moasten hjoed harren hûzen út om’t der kâns wie dat de kanaaldyk beswike soe. Trochdat it wetterpeil sakke is, is de dyk wer stabyl. It risiko is lykwols noch net folslein ferdwûn. It farferbod op it kanaal bliuwt fan krêft en it fee fan boeren út it gebiet mei ek noch net werom. In part fan ‘e bisten is ûnderbrocht yn boerepleatsen fan de provinsje Fryslân.
Ynspeksjes mei spesjale kamera’s yn F16-oarlochsfleanders hawwe sjen litten dat de kanaaldiken noch ferskate wrakke steeën hawwe. De autoriteiten yn Grinslân binne der op it stuit oer gear om te sjen hoe’t se de diken op de oanbelangjende plakken feiliger meitsje kinne.
Ek sjen:
- Evakuaasje: Grinslanners eangje dyktrochbraak TOLBERT – De polder Tolberter Petten noardlik fan de Like,...
- Komt der noch feroaring? It giet net bêst mei de Feriene Steaten. Moandei skeat...
- Gadaffy wie noch net dea SIRTE – De Libyske dikator Mûammar Gadaffy is dea. Tongersdei...
- Grinslanners oan it Frysk “Jo binne net ta antwurdzjen ferplichte, mar jo moatte der...
- Dochs noch jiske yn loft OOSTENDE – De jiske fan de fulkaanútboarsting op Iislân is...









Jehannes Elzinga
7 jannewaris 2012 17:41
Aansens reitsje dy Grinzer kij sa goed yntegrearre yn Fryslân, dat se yn/t Frysk begjinne te balten! Dat sille de Grinzers wol min nei’t sin wêze….