Grinzer deklinaasje

moandei 30 jannewaris 2012

De deklinaasje is de ôfwiking tusken de geografyske en de magnetyske noardpoal. Dy ferskoot mei de tiid en it plak op ierde. Op Ingelske seekaarten leit de magnetyske noardpoal op 5 graden west fan’e geografyske en earder wie dat wol sa’n 8 graden, op ’e foto oanjûn fan it pylkje links fan N. Op it heden leit it yn it grutste part fan Nederlân op sa’n heale graad.

Troch allerhande publikaasjes út Grins moat men lykwols hast wol de yndruk krije, dat de deklinaasje dêr folle grutter is, wol sa’n 65 graden, lykas fêststeld mei it kompas op ’e foto. De gefolgen foar de kaart binne ek werjûn. It is dêrom gjin wûnder dat wy ús buorprovinsje faak net begripe. Dêr mei wolris in seismolooch oer gear! Of earder in psycholooch?

Pyt

Ek sjen:

  1. Grinzer Museum komt 4,2 miljoen tekoart GRINS – It Grinzer Museum hat slimme jildpine. It museum...
  2. Grinzer plysjehynder falt dea del GRINS – Yn Grins is sneontemoarn in plysjehynder dea delfallen,...
  3. Histoarysk lytse iislaach op Noardpoal BREMERHAVEN – De iiskape op ‘e Noardpoal is lytser as...
  4. Grinzer test nij enerzjynetwurk Yn Hoogkerk wurdt op it heden in proef dien mei...
  5. Iepen Grinzer Sealkeatstoernoai Ha jim no al sin oan de PC? Binne jimme...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic