Grouster eilannen ynearsten ûnfeilich
freed 6 jannewaris 2012
Ferd Crone
LJOUWERT – De evakuearre bewenners fan eilân De Burd krije pas op moandei te hearren oft se wol of net nei harren hûs werom kinne. De situaasje op it eilân bliuwt krityk fanwege it hege wetter en de weake diken. Foardat de minsken wer werom kinne moat it wetter omleech en moat in skou fan it wetterskip oantoane dat it wer feilich is. Dat seit de Ljouwerter boargemaster Ferd Crone, foarsitter fan de feilichheidsregio Fryslân.
Crone brocht freed yn it selskip fan steatssiktaris Joop Atsma in besite oan De Burd. De boargemaster waard twa dagen lyn foar it earst warskôge dat it de ferkearde kant op gie mei it hege wetter. Hy is net ûntefreden oer de helpferleining sa’t dy de ôfrûne twa dagen op gong kaam is.
(Boarne tekst en foto: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Boarnsterhim ûntrommet Grouster eilannen GROU – It eilân Yn ‘e Lijte yn ‘e Pikmar...
- ME’ers beweitsje Grouster eilannen GROU – De Mobile Ienheid (ME) bewekket fannacht de eilannen...
- Bewenners Grouster eilannen wer thús GROU – De bewenners fan de eilannen De Burd en...
- Utsetting Irakees Boargemaster Ferd Crone (PvdA) fan Ljouwert besiket de útsetting fan...
- Skûtsjesilen in gaos Boargemaster Crone is ôfrûne sneon op de Pikmar by Grou fan...








